Dijkstra, Triemstra en Kootstra winne trochelkoarlotsjen yn Makkum

De manlju keatsten in trochelkoarlotterspartij yn Makkum © Dijks Fotografie
Paul Dijkstra, Taeke Triemstra en Hendrik Kootstra ha it trochelkoarlotsjen yn Makkum wûn.
Yn de finale wiene se mei 5-2 en 6-6 te sterk foar Peter van Zuiden, Gabe-Jan van Popta en Kevin Jordi Hiemstra.
It tredde plak gie nei Remmelt Bouma, Allard Hoekstra en Riemer Hoekstra.
De froulju spilen yn Makkum in frijeformaasjepartij. Dêrby gie de winst nei Louise Krol, Marrit Zeinstra en Sjanet Wijnia.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.