Skiedsrjochter hâldt tydlik op nei opskuor oer reade kaarten
Keatsskiedsrjochter Henk van der Zee hâldt nei dit wykein foarearst op. Hy nimt de rest fan it jier in sabbatical.
Direkte oanlieding is de opskuor nei de twa reade kaarten dy't er de ôfrûne moanne jûn hat en de ferbale oanfarringen mei keatsers dy't dêrop folgen.
Ferline wike krige Patrick Scheepstra in reade kaart fan Van der Zee. Dat barde nei in twa diskusjes oer in bal: se wienen it der net oer iens oft dy kwea of boppe wiene. Scheepstra krige twa kear in giele kaart.
Twadde kear yn koarte tiid
It wie de sechsde kear yn de skiednis fan it keatsen dat ien fan it fjild stjoerd waard, mar al de twadde kear dit seizoen. In moanne lyn krige Pieter van der Schoot in reade kaart, ek doe wie Van der Zee skiedsrjochter.
Hjoed liedt Van der Zee de Bûnspartij foar 35-plussers yn Easterlittens, moarn is er noch skiedsrjochter op de earste klasse yn Stiens. De rest fan it seizoen komt er net mear yn aksje.
Van der Zee is 27 jier skiedsrjochter op it heechste nivo yn it keatsen. Hy is fan doel om takom jier wol werom te kommen.