Martha ferhuze nei de Algarve om in B&B te begjinnen: "It wie in close call"

Yn dizze omjouwing wennet Martha © Eigen foto
Martha Guerreiro da Silva-Fokkema (46) ferhuze yn 2018 nei Portugal. Net fóar, mar méi de leafde. Tegearre mei har Portugeeske man makke se de stap nei de Algarve om dêr in bed and breakfast te iepenjen.
Wy hearden foar it earst fan har yn 2020. De B&B kaam dreech fan 'e grûn en as wie it allegearre noch net genôch: corona kaam der ek nochris by.
Hoe soe it no wêze? As we har fiif jier letter wer opbelje, is se drok oan it himmeljen yn ien fan 'e keamers fan de B&B. Uteinlik is it allegearre goedkommen.
"It wie in close call", fertelt Martha Guerreiro da Silva-Fokkema. "Mar wy ha folholden. Wy setten troch en yn augustus fan 2021 sieten we direkt fol. Dat hat ús wol rêden."
In simmersk plaatsje yn har achtertún yn Portugal © Eigen foto
De Eastermarder sit fiif jier letter noch hielendal op har plak yn Silves. In stêd mei in rike histoarje, út de tiid fan de Moaren. Har twa bern geane dêr nei skoalle ta en sels komme se ek graach yn 'e stêd.
Yn augustus wurdt de histoarje fierd mei in midsiuwsk feest fan njoggen dagen, fertelt Martha. "Dan is alles yn midsiuwske sfearen. Kinst klean krije yn dy styl, en oeral is it feest."

Earst yn Fryslân

Mar hoe bedarre se dêr? Har man moete se al yn Nederlân. Se kaam him tsjin yn Grins. "Al gau binne we gearwenjen gien yn Fryslân."
It wurk is leuk en wy moetsje minsken fan oer de hiele wrâld.
Martha Guerreiro da Silva-Fokkema hat in B&B yn Portugal
"Doe kaam yn 2014 it hûs dêr't we no wenje op ús paad. Wy binne stadichoan begûn en yn 2018 binne we ferhuze."
It hat noch oant 2021 duorre foar't se iepen koene, mar no rint it goed. "It wurk is leuk en wy moetsje minsken fan oer de hiele wrâld. Wy ha gasten út allegearre ferskillende lannen. Gelokkich ek wolris minsken út Fryslân", laket se.
De famylje Da Silva yn Portugal © Eigen foto
It libben is dêr hiel oars as yn Fryslân, fertelt se. "Wy binne in protte bûten, it is hjir faak moai waar. It is wol aardich waarmer as yn Fryslân. Gewoanwei is it seewetter wol wat kâld, mar dit jier falt dat ek ta."
Oft se Fryslân noch mist? "Tuerlik wolris. Ik mis wol dingen út Fryslân, lykas myn freondinnen. Mar it is ek gjin wrâldôfstân, mei trije oeren mei it fleantúch bin ik wer yn Nederlân."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.