Tamara Schoppert oer de keunst: "As wy net wat moais meitsje, wa dan wol?"

Tamara Schoppert yn har favorite omjouwing © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Dêr't se eartiids yn de bosken by Wynjewâld boarte, stiet se no as ien fan de bekendste Fryske akteurs op de planken. Tamara Schoppert is in 'alleskinner' yn de teäterwrâld.
Schoppert spile ferskate rollen en regissearret ek teäterstikken. We treffe har op ien fan har favorite plakken: by de Freulefiver yn de bosken by it doarp.
"Dit is it plak dêr't ik begûn te wurden wa't ik wie", fertelt se.
Lytsje pjut Tamara © Tamara Schoppert
Op har njoggende kaam se yn in pleechhúshâlding terjochte, dêr't se mei har suske opgroeide.
It wie in aktive famylje. Se giene der faak op út. It wie in echte praatfamylje en der mocht in soad.
"Se woene ús ûntdekke litte wa't we sels wiene. Dat stie sintraal."

Twa heiten, twa memmen

It ferhúzjen nei in pleechhúshâlding wie foar de jonge Tamara net in grut probleem.
"Ik haw it ûnderfûn as nije, noflike minsken. It klinkt miskien nuver, mar it binne gewoan myn heit en mem en ek myn oare heit en mem binne myn heit en mem. Dat rint trochinoar."

Pittige start yn it libben

Just oant har njonggende wie it libben foar de jonge Tamara en har sus ûnrêstich.
Tamara wurdt berne yn Amsterdam. Op har twadde ferhuzet se mei har âlden nei Snits. Trije jier letter bedarret se yn de Blijenhof yn Burgum: in katolike krisisopfang.
Uteinlik komt sy dus mei har sus yn in pleechhúshâlding terjochte. As bern hie se it net troch, mar weromsjend wie it in pittige start yn it libben.
Mar it hûs fan de pleechâlden wie it plak dêr't de rêst deryn kaam. "Fan doe ôf koe ik opbouwe."
Ik krige alle romte om om te pielen en te boartsjen, dêr leit myn basis.
Tamara Schoppert
By de Freulefiver komme de oantinkens boppe wetter. Oan de winters bygelyks. Dêr learde se reedriden tusken de skiereilantsjes.
As famke fielde se har ferlegener en skrutener as dat oaren har seagen. "Ik wie ek wol bazig, of naam yn alle gefallen de lieding."
Mar fan binnen fielde dat oars.
Wat har it measte foarme hat, seit Schoppert, is de romte dy't se krige om te boartsjen. "Ik gie net foar neat it teäter yn. Ik krige safolle romte om om te pielen en út te finen."
Tamara as fleurige beuker © Tamara Schoppert
Dochs kiest de jonge Tamara foar in oare oplieding. Se giet nei de pabo. It like har geweldich om mei jonge bern te wurkjen.
Mar al gau komt se derachter dat dit net har takomst is.
Se wurke in jier op in basisskoalle en fûn it prachtich wurk, mar in petear mei in âldere kollega dy't sei dat hy 'syn tiid wol útsitte soe' brocht har op in oar idee.
"Doe ûntduts ik ek it systemyske fan it ûnderwiis. Ik tocht: dit wol ik net, dan begjin ik heibel te traapjen. Of ik begjin heibel te traapjen, of ik gean hjir wei."
In jonge Tamara Schoppert © Tamara Schoppert
De oplieding docht se yn twa jier. Se rint staazje by Tryater, dêr't se in rol krige yn it stik fan lytse seemearmin as staazje.
Doe waard Jos Thie artistyk lieder: hy woe jonger bloed by it selskip en Tamara paste yn dat plaatsje.
Se fielde har as in fisk yn it wetter. Mar it duorre wol fiif jier foardat se lûdop sei dat se akteur wie.
"Dan sei ik: ik spylje teäter of toaniel. Yn 'e holle wie ik noch altyd oan it boartsjen."

Echt aktrise wurden

Troch it stik Pak 'm Stanzi kaam it grutte publyk yn 'e kunde mei de aktrise. En de aktrise ek mei harsels.
Se fielde dat dit echt har paste. Tamara Schoppert wie écht aktrise.
Ik hoopje dat troch it fertellen fan dy ferhalen (foar)oardielen in bytsje nei de eftergrûn reitsje.
Tamara Schoppert
It binne altyd stikken dêr't in ferhaal yn sit, dy't reitsje. It tema foar har is dat eltsenien sjoen wurde wol, en dat je dêrfoar fierder sjen moatte as de earste yndruk.
"Ik hoopje dat troch it fertellen fan dy ferhalen (foar)oardielen in bytsje nei de eftergrûn reitsje."
Tamara Schoppert © Tamara Schoppert
Njonken aktrise docht Tamara Schoppert noch folle mear. Sa is se al in skoftke ek regisseur. Dat makke har ek in bettere spiler.
As spiler siet dat der al yn: sy seach en tocht oer alles mei. Mar as spiler siet dat har ek wol wat yn it paad.
Se kaam derachter dat se as spiler eins allinnich mar mei har rol dwaande moat.
"Doe't ik dat yn 'e gaten krige, koe ik folle frijer spylje."

Akteur is it ynstrumint

Oer it akteurskip makket Schoppert in ferliking mei muzykynstruminten.
"Ik bin it ynstrumint, dat hat in eigen sound. Krekt as by in fioele. Alle ynstruminten hawwe in eigen klank. Sa is dat by akteurs ek. Dat ynstrumint moat ûnderhâlden wurde. Do moatst it bespyljen leare, dat jildt ek foar in akteur."
Tamara is bliid dat se as akteur ferskate kanten sjen litte kin. "Ik kin de komyske kant op, mar ek de dramatyske-tragyske kant."
Tamara Schoppert © Jantina Talsma
De provinsje Fryslân besuniget op dit stuit in soad op kultuur. Oan 'e iene kant fynt de teätermakker dat net eltsenien alles mar krije kin, mar oan de oare kant fynt sy it ek pynlik.

Sûnder teäter gjin refleksje

Boppedat fynt Schoppert dat ûnderskat wurdt wat teäter en keunst foar de mienskip betsjutte. Neffens har soarget it foar rêst yn de mienskip.
It soarget foar moeting, inoar ferstean kinne en dat minsken net allinnich mar thús sitte. Dat minsken har sjoen en heard fiele.
"Sûnder teäter hellest refleksje út dyn mienskip, minsken prikelje. Dat hellest der dan allegearre út."
As wy ophâlde mei moaie dingen te meitsjen, wa moat it dan noch dwaan?
Tamara Schoppert
Eins giet it alles om sjoen en heard wurde. Neffens Tamara Schoppert kin dat allinnich troch altyd op 'e nij te sjen. "Der sit altyd mear ferhaal achter de earste yndruk."
De wrâld is op dit stuit net op syn bêst. Mar we komme derút, seit de aktrise.
Net troch de lieders op dit momint. Dat leaut se net. Mar wol troch de gewoane minsken.

Hoop

Yn har eigen buert fernimt se dat minsken graach ferbining mei-inoar sykje.
"Dat fyn ik hoopfol. Minsken wolle mei syn allen goed troch de tiid. Dêr sit de hoop."
As teätermakker sjocht se ek dat se mei har wurk it ferskil meitsje kin yn dy hurde wrâld. Sy giet gewoan troch, fertelt se. Want: "As wy ophâlde mei moaie dingen te meitsjen, wa moat it dan noch dwaan?"

Podcast Simmerpetear

It libbensferhaal fan Tamara Schoppertis te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries yn de rige 'It Simmerpetear'. Fierder is it ek as podcast beskikber op de bekende platfoarms.
Buro de Vries is alle wiken op snein by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt sneintejûns werhelle tusken 21.00 en 23.00 oere.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.