Organisaasje PC warskôget foar falske kaartferkeapers

In eardere PC © Dijks Media
De organisaasje fan de grutste keatswedstriid fan it jier - de PC yn Frjentsjer - warskôget foar falske kaartferkeapers.
Bygelyks op Facebook binne fake-accounts aktyf dy't sizze kaarten troch te ferkeapjen, mar dêrmei komst it Sjûkelân net op.
Harren advys is dêrom om gjin kaarten fan frjemden te keapjen, en hielendal op te passen foar accounts dy't noch mar krekt besteane.

Meldt it by de plysje

Tinkst datst oplichte bist? Soargje dan foar screenshots fan it petear mei de ferkeaper en meldt it by de plysje.
De sitplakken foar de PC binne al útferkocht, lânkaarten binne noch wol te krijen by it Keatsmuseum oan de Voorstraat yn Frjentsjer.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.