Nederlânske follyballers kânsleas degradearre

De Nederlânske follyballers, mei Bennie Tuinstra yn it team, hawwe seis teloarstellende wiken yn de Nations League ôfsletten mei in 3-0 nederlaach tsjin Italië yn it Sloveenske Ljubljana: 25-13, 25-22, 25-19.
Fan de eardere alve wedstriden hie Oranje der mar ien wûn: heal juny waard Turkije mei 3-1 ferslein.
Nederlân is lêste einige yn de pûl en wie al foar it duel mei Italië wis fan degradaasje nei de Challenger Cup.

Dizze partoeren moatte de keats-off spylje foar de PC

Nei de lêste frijeformaasjepartij fan fan 'e middei is dúdlik hokker partoeren oft rjochtstreeks pleatst binne foar de PC op 30 july en hokker partoeren de keats-off spylje moatte.
Troch winst yn de earste omloop hjoed op de haadklasse partij fersekere it partoer fan Remmelt Bouma, Gerben de Boer en Jan Tymen Eisma har rjochtstreeks foar dielname oan de PC.
Ek binne de junioarepartoeren fan Harmen Zuidema, Otte Algera en Dirk-Henk Kuipers en dy fan Brent Jesse van Beem, Jelvin Kaper en Jelmer Foppe Drijfhout al pleatst foar de 172e PC.
Mei dêrtroch moatte Jelle Attema, Kees van der Schoot en Pieter van der Schoot de keats-off spylje.
De oare partoeren yn de keats-off binne dy fan Johan Diertens, Jelle Cnossen en Jari Visser, dy fan Johannes van der Veen, Sjoerd de Jong en Stefan van der Meer en dy fan Lennart Feenstra, Frits Hoekstra en Brent Timmerman .

Keats-off en lotting

De keats-off stiet takom tongersdei op it programma. De winner pleatst him as lêste partoer foar de PC.
De folsleine lotting foar de PC hat plak op moandei 28 july tusken 18.00 en 19.00 oere en is streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân op de radio.

Van Zwieten, Minnesma en Steenstra winne yn Ljouwert

Menno van Zwieten, Rick Minnesma en Tjisse Steenstra ha de frijeformaasjepartij yn Ljouwert wûn. Se wiene mei 5-3 en 6-4 te sterk foar Johan Sipma, Gabe-Jan van Popta en Hendrik Kootstra.
It tredde plak gie nei Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra.
Steenstra is foar de sechsde kear ferkeazen ta kening fan de Rengersdei. Hy ferbrekt dêrmei it âlde rekôr fan Flip Soolsma.

Arends wint ATP-toernoai yn Sweden

Sander Arends en Guido Andreozzi fiere de winst yn Sweden © ANP
Sander Arends en Guido Andreozzi hawwe it ATP-toernoai yn it Sweedske Båstad wûn.
Yn de finale tsjin Adam Pavlasek út Tsjechië en Jan Zielinski út Poalen ferlearen se de earste set, op in stân fan 6-6 waard de tiebreak mei 4-7 ferlern.
De twadde set gie wer lang lyk op, oant 5-5. Dêrnei koene Arends en Andreozzi it ferskil meitsje: 7-5.
Yn de supertiebreak slaggen Arends en Andreozzi deryn om de wedstriid folslein nei harren ta te lûken: 10-6.
It is foar Arends de twadde kear dat er yn Båstad wint. Yn 2021 wûn hy dêr syn earste ATP-titel.

Groenewoud is nasjonale skeelertitel op de maraton kwyt

Marijke Groenewoud is op it NK skeelerjen twadde wurden op de maraton. Yn Warmenhuizen wie Lianne van Loon rapper yn de einsprint.
Groenewoud pakte de titel yn 2022 en 2024. Foar Van Loon is it har earste nasjonale titel. Sy is al wol Europeesk kampioene.
By de manlju wie der gjin Frysk sukses.

Noppert wint oertsjûgjend fan Menzies op World Matchplay

Darter Danny Noppert by in earder toernoai © Orange Pictures
Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat yn de earste ronde fan de World Matchplay mei grutte sifers wûn fan de Skot Cameron Menzies: 10-2.
Noppert begûn de wedstriid goed, mei in 104 finish yn de twadde leg. Ek dêrnei waard al gau dúdlik dat Noppert fiersten te sterk wie foar Menzies. Op in gegeven momint stie it sels 7-0 foar de Jouster.
It slagge Menzies noch om twa legs te pakken, mar de oerwinning kaam foar Noppert net mear yn gefaar.
Yn de twadde ronde moat Noppert tsjin Gian van Veen, wêrmei't er koartlyn noch in koppel foarme op de World Cup of Darts.

Junior Michiel Zijlstra is nije Kening fan Burgum, Nina van der Vliet earste Prinses

De winners by it Keningsljeppen 2025 yn Burgum © Martin de Jong Fotografie
Michiel Zijlstra is de nije Kening fan Burgum. By it Keningsljeppen kaam de junior ta 21,48 meter en dêrmei bleau er alle senioaren foar.
By de froulju pakte Marrit van der Wal de titel, by de jonges Jorrit Bouwstra, by de famkes Nina van der Vliet. It is foar it earst dat foar de famkes in eigen kategory is by it Keningsljeppen.

Cambuur ferliest oefenwedstriid fan Telstar yn Stiens

Henk de Jong en Remco Balk © Dijks Media
Sportklup Cambuur hat mei 0-2 ferlern fan Telstar yn in oefenwedstriid, dy't spile waard yn Stiens.
De beide goals fan de earedivyzjonist waarden makke troch spits Sebastiaan Hagedoorn.
It duel waard spile yn trije blokken, fan 45, 25 en 45 minuten.
Foar Cambuur wie it de fjirde oefenwedstriid yn tarieding op it nije seizoen. Kommende freed oefenet Cambuur tsjin Roda JC.

Dijkstra, Triemstra en Kootstra winne by de manlju

Paul Dijkstra, Taeke Triemstra en Hendrik Kootstra ha it trochelkoarlotsjen yn Makkum wûn. Yn de finale wiene se mei 5-2 en 6-6 te sterk foar Peter van Zuiden, Gabe-Jan van Popta en Kevin Jordi Hiemstra.
It tredde plak gie nei Remmelt Bouma, Allard Hoekstra en Riemer Hoekstra.

Zeinstra wol noch even neitinke oer beskikberheid foar PC

Marrit Zeinstra wol "eins net" op de PC keatse dit jier. "Dat doel ha ik net."
Se keatst kommend wykein yn Arum noch mei Louise Krol en Sjanet Wijnia, as ferfanger fan Gerde Lycklama à Nijeholt. Dêrnei is se trije wiken net beskikber. "Ik ha oare plannen."
As har frege wurdt nei har beskikberheid foar de PC, jout se gjin 100 prosint útslútsel. "It is in nee. Mar goed, ja... Ik ha nee sein, mar ik ha ek sein dat ik noch wol even neitinke wol."
Zeinstra is twa jier lyn opholden en seit it keatsen net te missen. Doe't se koartlyn frege waard as ferfanger, woe se wol in koarte comeback meitsje. "Minnertsgea is myn favorite westriid, Makkum is leuk. Mar ik wol echt net elk wykein mear op it fjild stean. Ik bin net foar neat opholden."

Krol en Wijnia witte noch net mei wa't se de Frouljus PC keatse

Marrit Zeinstra docht oare wike yn Arum ek noch mei as ferfanger fan Gerde Lycklama à Nijeholt yn it partoer fan Louise Krol en Sjanet Wijnia. Hoe't it yn augustus komt, is lykwols noch net dúdlik.
Dat sei Krol koart nei de finale fan de frijeformaasjepartij yn Makkum.
Krol, Wijnia en Lycklama à Nijeholt wûnen ferline jier de Frouljus PC, mar as trijetal kinne se dy titel dit jier net ferdigenje, fanwegen de swiere blessuere fan Lycklama à Nijeholt.
Wa't Krol en Wijnia meinimme as ferfanger nei Weidum op 20 augustus, wurdt pas letter bekend. Se wolle "gjin oerhastich beslút" nimme. Mooglik is Zeinstra noch kandidaat, mar sy is in grut part fan augustus net beskikber.

Krol, Zeinstra, Wijnia opnij it sterkst

Louise Krol, Marrit Zeinstra en Sjanet Wijnia ha it keatsen yn Makkum wûn. Yn de finale wienen se fierstente sterk foar Anna Ennema, Iris Oosterbaan en Fiera de Vries: 5-0, 6-0.
It trio Krol, Zeinstra, Wijnia, wûn woansdei yn Minnertsgea de frije formaasje ek al. Zeinstra is yn it partoer de ferfanger fan Gerde Lycklama à Nijeholt, dy't de rest fan it seizoen útskeakele is mei in krúsbânblessuere.

Keatsskiedsrjochter nei opskuor oer reade kaarten rest fan it seizoen net mear yn aksje

Skiedsrjochter Henk van der Zee © Martin de Jong Fotografie
Keatsskiedsrjochter Henk van der Zee hâldt nei dit wykein foarearst op. Hy nimt de rest fan it jier in sabbatical.
Direkte oanlieding is de opskuor nei de twa reade kaarten dy't er de ôfrûne moanne jûn hat en de ferbale oanfarringen mei keatsers dy't dêrop folgen.

Arends nei finale fan ATP-toernoai yn Sweden

Sander Arends © Orange Pictures
Sander Arends en Guido Andreozzi hawwe harren pleatst foar de finale fan it ATP-toernoai yn it Sweedske Båstad.
Yn de heale finale wiene sy mei 6-3, 6-4 te sterk foar de Sweed Andre Goransson en de Braziliaan Orlando Luz.
De finale stiet moarn op it programma. Dan nimme Arends en Andreozzi it op tsjin Adam Pavlasek út Tsjechië en Jan Zielinski út Poalen.

Ein seizoen foar Gerde Lycklama à Nijeholt

Gerde Lycklama à Nijeholt © Dijks Media
Keatster Gerde Lycklama à Nijeholt kin de kommende moannen net mear keatse. Troch in krúsbânblessuere moat se in operaasje ûndergean en moannenlang refalidearje.
Se rûn de blessuere al op 25 maaie yn Menaam op, resint is troch in sportdokter konkludearre dat har krúsbân ôfskuord is.
"Dit is natuurlijk niet waar ik/we op hadden gehoopt, maar ook hier ga ik weer volledig voor herstel", skriuwt se op Facebook.
Wa't Lycklama à Nijeholt de kommende tiid - en dus ek op de PC - ferfange moat, is noch net hielendal dúdlik. Ofrûne woansdei yn Minnertsgea keatsten har maten Louise Krol en Sjanet Wijnia mei Marrit Zeinstra.

Hearrenfean wint fan Charleroi, mei Klaverboer yn de basis

Sportklup Hearrenfean hat in oefenwedstriid mei 1-0 wûn fan Royal Charleroi Sporting Club. De wedstriid waard sûnder publyk spile yn Hattemerbroek.
Charleroi einige foarich seizoen as tsiende en helle fia de play-offs Europeesk fuotbal. De Belgen spilen foaral mei de reserves, want se spylje ek noch tsjin FC Utrecht.
Hearrenfean spile mei keeper Bernt Klaverboer yn de basis. Andries Noppert begûn op de bank en kaam nei it skoft yn it fjild. Neffens trainer Robin Veldman kinst dêr noch gjin konklúzjes út lûke. "De kans is groot dat Andries volgende week begint tegen Queens Park Rangers."

Net folle kânsen, wol better

Hearrenfean hie de earste helte mear de bal, mar krige hast gjin kânsen. Jakob Trenskow skoarde fiif minuten foar it skoft de 1-0. De keeper fan Charleroi botste mei Joris van Overeem en Trenskow lobde de bal yn de goal.
De twadde helte wie better. Smans rekke de lâtte, mar skoare die Hearrenfean net mear.
Folgjende wike spilet Hearrenfean yn Londen tsjin Queens Park Rangers. De tarieding einiget op 2 augustus mei in wedstriid yn it Abe Lenstra Stadion tsjin Olympiakos Piraeus.

Opstelling Hearrenfean tsjin Charleroi

Bernt Klaverboer (45. Andries Noppert); Oliver Braude, Sam Kersten (75. Maas Willemsen), Nikolai Hopland (75. Hristiyan Petrov), Vasilos Zagaritis; Joris van Overeem, Marcus Linday, Luuk Brouwers; Jakob Trenskow, Dylan Vente (45. Levi Smans) en Maxence Rivera (75. Eser Gürbüz).

Transfer Cambuurspiler Mercera nei FC Grins definityf

Tyrique Mercera © Orange Pictures
De transfer fan Cambuurspiler Tyrique Mercera nei FC Grins is definityf. Juster melden we al dat de oerstap deroan siet te kommen en no ha Cambuur en FC Grins der oerienstimming oer berikt.
Mercera (21) giet fuortendaliks fuort by de Ljouwerter klup. Hy hat in kontrakt oant de simmer fan 2029 tekene by FC Grins. Oer de hichte fan de transfersom wolle beide klups neat sizze.

Arends nei heale finale Båstad

Sander Arends en syn gelegenheidsmaat Guido Andreozzi ha har pleatst foar de heale finale fan it ATP-toernoai yn Båstad (Sweden). Yn de heale finale wienen se mei 6-4, 6-4 te sterk foar de Brazilianen Rafael Matos en Marcelo Melo.
Wa't de tsjinstanners yn de heale finale binne, is letter hjoed pas bekend.
Arends en Andreozzi binne as earste pleatst yn Sweden. De Ljouwerter helle al twa kear earder de finale op it Sweedske graveltoernoai. Yn 2021 behelle er der syn earste ATP-oerwinning.

Kassa rinkelet foar Cambuur: klup fertsjinnet oan twa spilers

Benjamin Pauwels © Orange Pictures
Tyrique Mercera en Benjamin Pauwels steane hjoed net op it trainingsfjild by SC Cambuur. It twatal giet nei alle gedachten fuort nei in oare klup, sa befêstiget technysk manager Lars Lambooij.
Foar rjochterferdigener Mercera is it gjin grutte ferhuzing. Hy stiet foar in oerstap nei FC Grins. Dy klup moat it kontrakt fan Mercera ôfkeapje en dus fertsjinnet Cambuur dêroan.
Datselde jildt foar Pauwels, al leit de transfersom dêr heger as by Mercera. De Belgyske oanfaller giet nei alle gedachten nei in Spaanske klup. Hokker is net bekend.
Cambuur gie al út fan syn fuortgean en helle dêrom ferline wike Oscar Sjöstrand. Dy makke tiisdei syn offisjeuze debút yn it giel-blau en skoarde dêryn in goal tsjin it Regioteam Koatstertille.
Op de rjochtsbackposysje sil Cambuur nei alle gedachten de transfermerk op gean. It helle Diyae Jermoumi al wol op dy posysje, mar de Ljouwerters sille dêr twa folweardige spilers foar hawwe wolle.

Steenstra en Minnesma winne op 'e nij, ditkear mei Hans Wassenaar yn Minnertsgea

Rick Minnesma earder dit seizoen © Dijks Media
Tjisse Steenstra, Hans Wassenaar en Rick Minnesma ha it keatsen yn Minnertsgea wûn. Yn de finale wiene se mei 5-2 en 6-0 te sterk foar Corné Tuinenga, Allard Hoekstra en Evert Pieter Tolsma.
It is foar Steenstra en Minnesma de tredde oerwinning yn fiif dagen, neidat se earder de sterkste wiene mei Youri de Groot op It Hearrenfean (trochelkoarlotsjen) en mei Gerben de Boer yn Boalsert (frije formaasje).
Harren fêste maat Menno van Zwieten hat in ljiskblessuere en ûntbruts dêrom yn Minnertsgea. Mei Hans Wassenaar as ferfanger slagge it se opnij om de krânsen binnen te slepen.
By de froulju gie de winst nei Louise Krol, Marrit Zeinstra en Sjanet Wijnia. Sy wiene mei 5-5 en 6-2 te sterk foar Roelie Kroondijk. Jeska Terpstra en Manon Scheepstra.

Organisaasje PC warskôget foar oplichters

In eardere PC © Dijks Media
De organisaasje fan de grutste keatswedstriid fan it jier - de PC yn Frjentsjer - warskôget foar falske kaartferkeapers.
Bygelyks op Facebook binne 'fake accounts' aktyf dy't sizze kaarten troch te ferkeapjen, mar dêrmei komst it Sjûkelân net op.
Harren advys is dêrom om gjin kaarten fan frjemden te keapjen, en hielendal op te passen foar accounts dy't noch mar krekt besteane.

Meldt it by de plysje

Tinkst datst oplichte bist? Soargje dan foar screenshots fan it petear mei de ferkeaper en meldt it by de plysje.
De sitplakken foar de PC binne al útferkocht, lânkaarten binne noch wol te krijen by it Keatsmuseum oan de Voorstraat yn Frjentsjer.

Hearrenfean ferkeapet Al-Saed oan BK Häcken

Danilo Al-Saed yn aksje foar sc Hearrenfean © Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean hat ôfskied naam fan Danilo Al-Saed. De oanfaller út Irak is ferkocht oan it Sweedske BK Häcken.
Al-Saed kaam yn de simmer fan 2024 nei Fryslân, mar kaam net in soad yn aksje. It ôfrûne healjier wie er dêrom al ferhierd oan it Sweedske AIK.

Snitser follybalsters nei Roemenië

Friso Snits © Dijks Media
Friso Snits mei ynkoarten nei Lugoj, Roemenië ôfreizgje. Yn de earste ronde fan de CEV Challenge Cup nimt de ploech it op tsjin C.S.M. Lugoj Volei, sa kaam út de lotting.
De ronde bestiet út in thûs en in útduel. De krekte data fan de wedstriden binne noch net bekend.

Cambuur wint mei 4-1 fan Regioteam Koatstertille yn oefenwedstriid

Jonge fans op it fjild nei de oefenwedstriid fan Cambuur © Dijks Media
SC Cambuur hat de oefenwedstriid tsjin Regioteam Koatstertille mei 4-1 wûn.
Cambuur kaam yn de earste helte op 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Matthias Nartey, mar krekt foar it skoft makke it regioteam út Koatstertille ek in goal: 1-1.
Yn de twadde helte slagge it Cambuur wol om ôfstân te nimmen troch doelpunten fan Iwan Henstra, debutant Oscar Sjöstrand en Toni Jonker.

Earbetoan

De wedstriid yn Koatstertille wie in earbetoan oan Rienk Waaksma. Waaksma wie jierren foarsitter fan SC Koatstertille, de gasthear fan de tradisjonele oefenwedstriid. Yn 2019 ferstoar er hommels.

Cambuur oefenet yn Koatstertille, mei Rienk Waaksma yn gedachten

Rienk Waaksma wie foarsitter fan Koatstertille en sponsor by Cambuur © Dijks Media
De lêste tariedings ha west, dus kin it regioteam fan de Fryske Wâlden fan 'e jûn op in perfekte gersmatte fuotbalje tsjin SC Cambuur. De wedstriid is in earbetoan oan Rienk Waaksma.
Waaksma wie jierren foarsitter fan SC Koatstertille, de gasthear fan de tradisjonele oefenwedstriid. Yn 2019 ferstoar er hommels.
"It is prachtich dat we dit dogge", seit hjoeddeistich foarsitter Bert Waaksma mei in brok yn 'e kiel. Rienk wie syn broer. Hy wie net allinnich foarsitter fan Koatstertille, mar ek sponsor en supporter fan Cambuur.
RTV NOF seach dat it fjild der goed by leit:
"Ik wurd der altyd wer like raar fan, mar ik bin der hiel bliid mei dat we dit yn stân hâlde kinne. Elkenien set him 100 prosint yn en dêr bin ik grutsk op."
Frijwilligers fan de klup binne al wiken dwaande mei de tariedings. "It kostet wol wat tiid, mar it is ek alle jierren wer prachtich", fertelt ien fan dy frijwilligers.

Noch mar ien kear skoard

Hjoed hoege allinnich de lêste dinkjes noch mar dien te wurden. "De lêste kear skjinmeitsje, der moat noch in flagge yn de loft en de gemeente komt it fjild te sproeien. It binne echt de lêste dinkjes."
It regioteam bestiet út spilers fan ûnder oare SC Koatstertille, SC Twizel, FC Surhústerfean en FC Burgum. "Yn al dy jierren hat it regioteam noch mar ien kear skoard, dus wy ferwachtsje gjin winst jûn", laket Bert Waaksma.
De oefenwedstriid yn Koatstertille begjint jûn om 19.00 oere.

Nei trije nederlagen wint tennisser Arends wer

Tennisser Sander Arends hat mei syn gelegenheidsmaat Guido Andreozzi de earste ronde fan it ATP-toernoai fan Båstad wûn. De as earste pleatsten kamen mei 6-3 6-4 noait yn de problemen tsjin it Argentynske duo.
Yn de kwartfinale nimme Arends en Andreozzi it op tsjin de winner fan it duel tusken Matos/Melo en Harper/Seggerman.

Hearrenfean hiert Van Axel Dongen fan Ajax

Van Axel Dongen yn aksje foar Ajax © Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean hiert Amourricho van Axel Dongen foar ien seizoen fan Ajax. De 20-jierrige oanfaller moat noch medysk kard wurde, mar is al wol mei Hearrenfean mei op trainingskamp nei Wageningen.
Van Axel Dongen spile fjouwer wedstriden yn it earste alvetal fan de Amsterdammers, mar kaam benammen yn aksje foar Jong Ajax. Foar de Amsterdamse jeugdploech spile er 31 wedstriden, wêryn't er fjouwer kear skoarde.
Ferline seizoen kaam er mar trije wedstriden yn aksje, fanwegen in swiere blessuere.
Ek nei de komst fan Van Axel Dongen is Hearrenfean noch altyd op syk nei in fleugeloanfaller. De bûtenspiler fan Ajax wurdt sjoen as in ekstra oanwinst.

Arends klimt nei top 25 yn ATP Rankings

Sander Arends © Orange Pictures
Sander Arends hat nettsjinsteande betide útskeakeling op Wimbledon goede saken dien foar de ATP Ranking yn it dûbeldspul. Hy is klommen nei de top 25. Dat hat benammen te krijen mei oare dûbeldspilers. Dy hawwe net geweldich prestearre en binne punten kwytrekke.
Dizze wike komt Arends yn aksje op it ATP-toernoai fan Båstad (Sweden). Mei syn maat Guido Andreozzi út Argentinië is er as earste pleatst.
Arends sil goede oantinkens bewarje oan Båstad, want hy helle dêr al twa kear de finale. Yn 2021 behelle er op it Sweedske toernoai syn earste ATP-oerwinning.

Wolkom

Wolkom yn it sportbloch fan dizze wike. Wolst yn dyn Omrop-app in melding krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan dit bloch.
It bloch fan ferline wike kinst hjirûnder weromfine.