Ferkear kin wer oer de Ofslútdyk

Rykswettersteat hat dwaande west mei in ferkearsmaatregel wêrtroch't it ferkear wer oer de dyk kinne moat. De steuring is lykwols noch net ferholpen.

Ofslútdyk alwer ticht

De Ofslútdyk is foar de tredde kear dizze wike ôfsletten. Dat komt alwer troch technyske problemen mei de Stevinsluzen by Den Oever. It is noch net dúdlik hoelang oft de steuring en dêrmei de ôfslkuting duorje sil.
Fan 'e moarn wie it ek al raak en koe it ferkear oerenlang net oer de dyk. Ofrûne tiisdei duorre it in oere foardat de dyk wer brûkt wurde koe.

Plysje Ljouwert pakt fatbikedieven

Fatbikes © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De Ljouwerter plysje hat ôfrûne wykein in 31-jierrige en 33-jierrige ynwenner fan Ljouwert oppakt foar heling en stellerij fan in fatbike.
De fatbike waard earder dy dei stellen fan de Oosterparkweg yn Harns. Op de fyts siet lykwols in gps-tracker en in alarmfunksje. Dêrtroch koe de plysje de fatbike fine en kaam sa by de fertochten terjochte.
De fatbike waard fûn yn in wenning fan ien fan de fertochten en is yn beslach naam. Yntusken hat de eigener de fyts werom.

Steuringen brêge Ofslútdyk hawwe neat mei-inoar út te stean

De steuring oan de brêge oer de Stevinsslûzen op de Ofslútdyk fan hjoed hat neat te krijen mei de brêgesteuring fan tiisdei. Dat meldt Rijkswaterstaat.
Tiisdei gie de brêge net mear goed iepen en ticht fanwegen de waarmte. Hjoed is in stik brêge ôfbrutsen dêr't in sensor sit. Dizze sensor mjit oft de brêge iepen of ticht is. Sûnder sensor kin de brêge net bestjoerd wurde.
Rijkswaterstaat seit dat se de hiele tiid ien brêge iepen ha foar it ferkear en de brêge dêrneist is foar ûnderhâld ticht. As ien brêge útfalt, dan kinne se de twadde brêge as back-up brûke sadat it ferkear trochride kin.

Ferkear kin wer oer Ofslútdyk, brêge noch yn steuring

De steuring oan de Noardbrêge oer de Stevinslûzen is noch net ferholpen, mar it ferkear kin wol wer oer ien brêgedek hinne, de Súdbrêge. Sadree't de Noardbrêge reparearre is, sil der in proefdraai folgje.

Ofslútdyk yn beide rjochtingen ticht fanwegen steuring oan brêge

De Ofslútdyk © Omroep Zilt
De Ofslútdyk is op dit stuit yn beide rjochtingen ticht. Dit hat te krijen mei in technyske steuring oan de brêge oer de Stevinslûzen.
It ferkear wurdt op dit stuit omlaat.
It is net bekend wannear't de steuring oplost is.
It is al de twadde kear yn trije dagen dat de Ofslútdyk ticht moat fanwegen in steuring oan dizze brêge.

Goeiemoarn!

Wolkom yn it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.
It 112-nijs fan juster kinst hjirûnder weromlêze: