Hasto gjin hichtefreze? Dan kinst nei skoalle yn in wynturbine
Hâldst fan útdaagjende wurkomstannichheden en hast gjin hichtefreze? Dan soest wolris in geskikte wyntechnikus wêze kinne.
Fan septimber ôf kinst dy dêrta opliede litte op Firda yn Ljouwert.
De ûnderwiisynstelling is in gearwurking oangien mei Windpark Fryslân en Siemens Energy.
De kommende jierren is der nammentlik grut ferlet fan tûzenen minsken yn dit wurkfjild. It ferlet is sels sa grut dat trije partijen fiif fergeze opliedingsplakken oanbiede.
Jild fan Frysk wynpark
"Yn dit fakgebiet binne in soad minsken nedich en hoe moai is it dat wy dy minsken no yn Fryslân opliede kinne?", seit Wendy Hoogeboom-Leenstra fan Windpark Fryslân.
De oplieding wie earder allinnich te folgjen yn Amsterdam, Beverwijk en Seelân.
Windpark Fryslân hat 100.000 euro beskikber steld oan Firda. "Dêrfan wurdt de learkrêft betelle en materieel dêr't studinten mei sleutelje kinne yn it klaslokaal."
Windpark Fryslân
Windpark Fryslân leit sûnt 2021 yn de Iselmar tichteby Breesândyk. It is it grutste wynpark yn binnenwetter fan de wrâld.
Op it park steane 89 turbinen, dêr't elts jier foar 500.000 húshâldens stroom mei opwekt wurdt.
De oplieding duorret tsien wiken en fynt plak op de technyklokaasje fan Firda oan de Anne Wadmanwei yn Ljouwert.
Op Firda steane aanst twa simulators dêr't studinten op de grûn mei wurkje kinne yn in neimakke wynturbine.
Technyk
Mar de studinten gean ek echt it wetter op en de wynturbinen yn.
"De oplieding bestiet foaral út elektrotechnyk, wurktúchboukunde, steurings sykje, ûnderhâld dwaan. Feilichheidstraining is ek hiel belangryk", seit dosint prosestechnyk en mechatronika Jouke van der Zwaag.
Nei de oplieding hoechst net yn te sitten oer oftst wol wurk krigest, seit Renske Ytsma fan Siemens Energy, dat it wynpark beheart en ûnderhâldt.
"De komende jaren groeien de parken exponentieel. De verwachting is dat er in Europa wel 600.000 banen in de windenergie komen."
Dat kin yn Fryslân, mar ek offshore of ynternasjonaal.
Hichtefreze moatst yn elts gefal net hawwe. "Dat is de eerste vraag die ik stel bij een sollicitatiegesprek", seit Ytsma.
"Dit zijn torens van 180 meter hoog, dus je moet wel durven klimmen. En als je offshore gaat, moet je denken aan hoogtes als de Eiffeltoren."
312 meter dus.
Ynteressearden kinne oant 25 july in motivaasjebrief stjoere foar ien fan de fergeze opliedingsplakken. Op tiisdei 1 july is der ek noch in ynformaasjejûn.
"Sil ik ris ambisjeus wêze?", seit Van der Zwaag. "Ik hoopje elts jier 20 minsken ôf te leverjen."