Dûs lau en lit it bier stean: sa hâldst de holle koel de kommende dagen

Hoe kinst dy wapenje tsjin de waarmte? © ANP
De rokjes en koarte broeken lizze wer boppe-op de steapel. En dat sil noch efkes sa bliuwe, want it kwik klimt kommend wykein oant de tritich graden. Hoe kinne je no foarkomme dat je suchtsjend en stinnend de dagen trochkomme?
De lêste tiid makket de sinne him flink breed. Minsken nimme in plûns of lûke nei de terrassen ta. Sneon en snein skommelet de temperatuer om de tritich graden hinne yn Fryslân; it punt wêrop't by in soad minsken de wille plakmakket foar argewaasje.
Dêrom fjouwer tips oer hoe'tst dy wapenje kinst tsjin de waarmte.

1. Lit it bier stean en drink wetter

It is fansels útnûgjend om in iiskâld pilske út 'e kuolkast te fiskjen op in broeierige dei. Dochs is it ûnferstannich. Alkohol ûntlûkt nammentlik focht. En dat kin dyn lichem krekt goed brûke as it waarm is.
Wês ôfhâldend mei alkohol as it waarm is © ANP
Om dyselde reden kinst it bakje kofje ek better stean litte; ek kafeïne dehydritearret. Lykas sûkerhâldende dranken.
Drink dêrom geregeld wetter. Ek ast gjin toarst hast. It leafst sa'n twa liter deis. Drink bygelyks alle oeren in glês wetter, om oersjoch te hâlden. Foar bern en âlderein is dit ekstra wichtich. Sy binne ekstra fetber foar hjitte.

Lichte mielen

Dêrneist soarget fertarring foar waarmte. Dêrom kinst it bêste lichte mielen ite. Lit dêrneist krûdige gerjochten links lizze. Dêr giest nammentlik fan switten.

2. Fentilator foar it rút en wiete wask ophingje

Hoe ûnnatuerlik it ek fiele kin, by waarm waar is it soms nofliker om binnendoar te sitten. Der binne ferskate wizen om it dêr koel(er) te meitsjen.
Waarme lucht giet omheech en ferlit it hûs fia de boppeste romten.
Fentilearje it hûs as it bûten koeler is
Wichtich is om de kuolte binnen te litten ast de kâns hast. Leit it kwik bûten leger as binnen, iepenje dan de ruten. Doch dat op safolle mooglik plakken. Je kreëarje dan de bêste luchtsirkulaasje. Waarme lucht giet omheech en ferlit it hûs fia de boppeste romten.
Mei in fentilator kinst ek de waarme lucht út hûs blaze © Shutterstock
Ast yn in appartemint wennest, is it lykwols net altyd mooglik om foar foldwaande sigen te soargjen. Yn dat gefal kinst in fentilator brûke om de waarme lucht nei bûten te blazen.
Brûk oerdeis de sinnewarring. Hâld de sinnestrielen bûten troch gerdinen, rollûken of sinneskermen.

Wiete sokken yn 'e wenkeamer

Bûten drûget de wiete wask it flotst by waarm waar. Dochs kin it noflik wêze om de wiete sokken en it ûnderguod yn de wenkeamer te hingjen. De ferdamping fan wetter makket de wenning nammentlik frisser.
Doch dit wol mei mjitte, oars is der te folle fochtfoarming yn dyn hûs. Fierder kinne komkes mei kâld wetter ek in stientsje bydrage tsjin de hjitte. Lykas de wiete klean kuolje dy de loft.
In faak foarkommende fersin is it nimmen fan in kâlde dûs.
Dûs op de júste temperatuer
It moaiste is fansels dat de waarmte dyn hûs überhaupt kwealik ynkomt. Ynvestearje dêrom sa mooglik yn goede muorre-, en dakisolaasje. Ek ruten mei HR++ glês of triple-glês binne oan te rieden.

Fuottebadsje

In faak foarkommen fersin is it nimmen fan in kâlde dûs. Dat fielt even as in ferlossing, mar kin op langere termyn foar in tsjinreaksje soargje wêrtroch't de lichemstemperatuer just omheechgiet.
Dûs lau yn pleats fan kâld © ANP
Kies dêrom foar lau wetter. Dat kuollet dyn lichem stadichoan, sûnder ûnferwachte temperatuersferoaringen. Om it lichem koel te hâlden, kinst it bêste koart en geregeld ûnder de dûs springe.
Hoe kalmer oftst bliuwst, hoe minder waarm oftst it hast.
Hâld de holle koel
In fuottebadsje docht ek fertuten. Fuotten binne krekt waarmteregelers. By kâld waar drage we sokken om waarmte fêst te hâlden. Sjit it kwik omheech, dan kinne wy ôfkuolje troch de fuotten yn in tobbe of amer wetter te dwaan.

4. Hâld de holle koel

It is miskien makliker sein as dien, mar dochs kin it in soad ûngemak skele: besykje kalm te bliuwen. Fol argewaasje de dei trochgean, makket it net folle nofliker.
Sterker, it ferheget de lichemstemperatuer. Dat komt omdat dyn hertslach ferheget en dyn stresslevel tanimt ast dy opwynst.
Span dy dus net ûnnedich yn en hâld de holle koel.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.