Keatsers Van der Bos en Triemstra al fyftjin jier byinoar: in reis troch de tiid
De haadklassers keatsten snein in frijformaasjepartij yn Berltsum. Fyftjin jier werom kaam yn datselde plak in nij partoer op it fjild. Op 27 juny 2010 keatsten Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger foar it earst mei-inoar.
It partoer soe útgroeie ta de suksesfolste formaasje ea. No, 15 jier letter keatse Van der Bos en Triemstra noch altyd mei-inoar. Beiden binne dwaande mei harren lêste seizoen.
Dilemma foar Triemstra
Earst mar ris even werom nei de 27e juny yn 2010. It wie waarm yn Berltsum en yn de keatswrâld broeide it ek. Yn Sint Jabik wie in bysûnder partoer by elkoar kaam. Trije jonges út itselde doarp, trije toptalinten, hienen de lapen byinoar smiten: Rutmer van der Meer, Renze Pieter Hiemstra en Taeke Triemstra.
Sy fûnen yn itselde doarp in net sunige sponsor en de ferwachtings wienen heech. Mar doe kaam Daniël Iseger oan de doar by Triemstra. Oft er keatse woe mei him en Gert-Anne van der Bos.
Sy woenen wol fan Folkert van der Wei ôf. Triemstra twivele. It rûn yn it Sint Jabikske partoer net geweldich en Triemstra seach de krêft fan syn nije maten, dat wienen de PC-winners fan 2009.
Oan de oare kant: Der wienen ek ôfspraken makke. Triemstra frege syn heit Reinder - yn it ferline sels ek topkeatser - om rie en naam dochs it beslút syn doarpsgenoaten en freonen te ferlitten. Dat joech de nedige opskuor, mar dat is net ûngebrûklik yn de keatswrâld. Dat giet faak wer gau oer.
Falske start troch feesttinte
Yn Berltsum moast de fiktoarje begjinne, dy waarme junydei. Mar dat pakte efkes oars út. Van der Bos keatste as in krante en de nije topformaasje waard, mei alles oan de hang, dat wol, ôfservearre troch it modale partoer fan Pieter Bakker, Lennard Adema en Tjibbe Hansma.
En wêrom keatste Van der Bos as in krante? Dat sit sa: De opslagger wie twa dagen earder jierdei. 21 jier wie er wurden. En in dei foar Berltsum wûn hy yn eigen doarp Holwert de priis. Van der Bos wie fêst fan doel om betiid nei hûs te gean, mar ûnderweis naam er de ferkearde ôfslach en bedarre er yn de feesttinte.
Dêr waard de jierdei en de oerwinning fierd mei de nedige drankjes. Mei as gefolch dat Van der Bos in dei letter hast net in perk sjoen hat en sawat alles bûten sloech. In blamaazje foar it nije toppartoer.
Alle eagen wienen op har rjochte. De ferwachtings wienen heech. En dan sa ôfgean. Dat koe fansels net wer en dat hat de nestor fan it partoer, Iseger, Van der Bos ek yn dúdlike bewurding witte litten.
PC-winner
De kâns op revâns kaam rap foar Van der Bos en syn maten. Op freed 2 july stie de frijeformaasjepartij op It Hearrenfean op it programma. Alwer wienen de omstannichheden tropysk, Mar de 'slachwurkers' Van der Bos, Triemstra en Iseger kamen op gong. De earste krâns waard binnenhelle, al wie it yn de finale in knikkert op syn kant.
It soe de opmaat betsjutte foar in prachtich seizoen: yn totaal waarden dat seizoen fyftjin finales keatst en dêrfan wûnen van der Bos-en-dy der trettjin. Dêrûnder ek de finale op de PC. De romrofte PC fan 2010, wêryn't it fjild ûnder wetter stie en de lêste slach pas foel om in oere of tsien jûns.
Ek de jierren dêrnei dominearre it partoer de frijeformaasjepartijen. Yn 2016, it lêste jier mei Daniël Iseger, waard it rekôroantal fan 64 oerwinnings behelle en waard de eardere topformaasje Sake Saakstra, Piet Jetze Faber en Johannes Brandsma nei it twadde plan ferwiisd.
2014 wie foar Triemstra in dramatysk jier. In earnstige skouderblessuere makke it hast ûnmooglik om te keatsen. Op de PC fan dat jier waard hy nei de twadde omloop ferfongen troch Jacob Wassenaar, dy't mei Van der Bos en Iseger de earste priis wûn.
Van der Bos en Triemstra kieze foar Steenstra en Zijlstra
Daniël Iseger wurdt yn 20217 ferfongen troch Tjisse Steenstra. Mei him wurde de nedige suksessen behelle, mar echt soepel rint it allegear net altyd. Steenstra kin goed opslaan en as Van der Bos wer ris in ritige perioade hat, dan stiet Steenstra rap klear om de foarbêstopslach oer te nimmen.
Dat sit van der Bos net lekker en der ûntstean geregeld wat ergernissen. Op de PC falt it partoer wol trije kear yn de prizen, mar de haadpriis bliuwt út: twa kear in preemje en ien kear in lytse preemje.
Nei it coronajier 2020 komt Erwin Zijlstra by Van der Bos en Triemstra, dy't elkoar wer trou bliuwe. Sy winne prompt de PC, mei Zijlstra as kening. It lêste jier fan Van der Bos en Triemstra (mei Zijlstra) is oant no ta matich. Mei Renze Pieter Hiemstra as ferfanger fan de blessearre Zijlstra waard ien sukseske behelle: in twadde priis yn Menaam.
Van der Bos en Triemstra hawwe no fyftjin jier mei-inoar keatst. Ek it lêste jier fan harren karriêre bliuwe sy byinoar. Langer hawwe twa maten it nea mei-inoar úthâlden. Ek hjir wurde twa legindaryske keatsers nei it twadde plan ferwiisd: Sake Saakstra en Piet Jetze Faber keatsten fjirtjin jier mei-inoar.
Yn dy jierren is der troch Van der Bos en Triemstra in sukseslist opboud fan dûzeljende sifers. Yn totaal behellen de maten 116 oerwinnings, 48 twadde en 35 tredde prizen. Goed foar in puntetotaal fan 479.
Triemstra is lieder fan it ivige punteklassemint mei 918 punten. Van der Bos is sechsde yn dat klassemint mei 712 punten. Opmerklik is dat beide keatsers mear as de helte fan dy punten mienskiplik behelle hawwe. Oer in goed keatshoulik sprutsen!