Wurkstraffen foar geweldplegers op Ruterskertier yn Ljouwert

De plysje docht ûndersyk op it Ruterskertier © Kappers Media
Trije fertochten dy't yn septimber foarich jier belutsen wiene by in stekpartij op it Ruterskertier yn Ljouwert hawwe wurkstraffen krigen.
De fertochten hearden by in groep dy't hast eltse dei foar oerlêst soarge op de treppen fan it gerjochtsgebou oan it Saailân. De groep ferpleatste him op fatbikes en spile lûde muzyk ôf.

Slaan mei kettingslotten

Doe't in meiwurker fan in hoarekasaak mei noch in oar de groep oanspruts, rûn it út de hân. Der ûntstie rûzje, wêrby't de jongeren mei kettingslotten en standers fan fatbikes om har hinne sloegen.
Ien fan de twa manlju dy't de jonges oanspruts, waard yn de ûnderearm stutsen. De dieder, in doe 16-jierrige Ljouwerter, is yn april troch de mearfâldige keamer foar ferskate feiten feroardiele ta tolve moannen jeugddetinsje, wêrfan trije moannen ûnder betingst.

Wurkstraffen

Trije minderjierrigen krigen fan de bernerjochter wurkstraffen fan 50 en 100 oeren. De trije dy't moandei foarkomme moasten krigen ek wurkstraffen.
In 25-jierrige âld-ynwenner fan Ljouwert en in 18-jierrige Grinzer binne feroardiele ta wurkstraffen fan respektyflik 120 en 100 oeren, plus twa wiken jeugddetinsje ûnder betingst. Dizze fertochten, beiden Syryske flechtlingen, hiene mei kettingslotten om har hinne slein.
In Hurdegarypster moat 30 oeren wurkje. De rjochter hold der rekken mei dat hy earst klappen krige, foar't hy mei in skoudertas om him hinne sloech.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.