Op 'en nij autobrân yn Ljouwert
Oan de Wijnhornsterstraat yn Ljouwert hat fannacht in autobrân west. Krekt nei tolven waard de brânwacht oproppen foar de brân.
De ôfrûne tiid hat de brânwacht faker útride moatten foar autobrannen yn de stêd. Ein maaie wie yn deselde wyk noch in autobrân. De plysje ûndersiket de tadracht fan dizze brân noch.