Trije fertochten dy't yn septimber foarich jier belutsen wiene by in stekpartij op it Ruterskertier yn Ljouwert hawwe wurkstraffen krigen.
De fertochten hearden by in groep dy't hast eltse dei foar oerlêst soarge op de treppen fan it gerjochtsgebou oan it Saailân. De groep ferpleatste him op fatbikes en spile lûde muzyk ôf.
Slaan mei kettingslotten
Doe't in meiwurker fan in hoarekasaak mei noch in oar de groep oanspruts, rûn it út de hân. Der ûntstie rûzje, wêrby't de jongeren mei kettingslotten en standers fan fatbikes om har hinne sloegen.
Ien fan de twa manlju dy't de jonges oanspruts, waard yn de ûnderearm stutsen. De dieder, in doe 16-jierrige Ljouwerter, is yn april troch de mearfâldige keamer foar ferskate feiten feroardiele ta tolve moannen jeugddetinsje, wêrfan trije moannen ûnder betingst.
Trije minderjierrigen krigen fan de bernerjochter wurkstraffen fan 50 en 100 oeren. De trije dy't moandei foarkomme moasten krigen ek wurkstraffen.
In 25-jierrige âld-ynwenner fan Ljouwert en in 18-jierrige Grinzer binne feroardiele ta wurkstraffen fan respektyflik 120 en 100 oeren, plus twa wiken jeugddetinsje ûnder betingst. Dizze fertochten, beiden Syryske flechtlingen, hiene mei kettingslotten om har hinne slein.
In Hurdegarypster moat 30 oeren wurkje. De rjochter hold der rekken mei dat hy earst klappen krige, foar't hy mei in skoudertas om him hinne sloech.
Wurkstraf fanwegen heale kilo ghb
In 29-jierrige ynwenner fan Drachtsterkompenije is feroardiele ta in wurkstraf fan 40 oeren om't er neffens de plysjerjochter in 'enoarme hoemannichte GHB' yn besit hie.
Op 20 april 2023 trof de plysje nei in telefoanyske melding twa bewusteleaze persoanen oan yn de wente fan de fertochte. De fertochte sels en ien dy't by him op besite wie, hiene beiden it skom yn de mûle.
Oerdoasis
Se hiene allebei in hast fatale oerdoasis GHB naam. Neffens de fertochte hie hy it net mei opsetsin dien: hy hie in glês wetter leechdronken. Alteast, dat tocht hy.
Sûnt de jûn fan it barren blowde hy jûns noch wolris, mar rekke hy gjin drank of drugs mear oan.
De man wurdt ynkoarten heit en wol dêrfoar gean. Dat hy foarkomme moast, wie om't de plysje yn syn wente goed 437 gram GHB oantrof.
Stellerij
Fierder waard hy fertocht fan belutsenens by stellerij fan stegermateriaal. Oant twa kear ta soe hy, tegearre mei in oare man, stegers stellen hawwe.
Dêrfan waard hy frijsprutsen. De rjochter wie der net fan oertsjûge dat de man wist dat syn kompaan, foar wa't hy op dat stuit wurke, fan plan wie om stegers te stellen.
De fertochte ferklearre dat hy tocht dat de stegers fan syn wurkjouwer wiene. Dy moat noch wol foarkomme.
By Drachtsterkompenije is krekt foar trijen fan 'e middei in persoan op in fatbike skept troch in bedriuwsbus. De persoan woe in krúspunt oerstekke op de grins fan Fryslân en Grinslân, waard skept en belâne yn 'e sleat.
Ambulânsemeiwurkers moasten it slachtoffer te plak stabilisearje, ear't se him nei it sikehûs ôffiere koene. De plysje liedt ûndertusken it ferkear om.
Oer de tastân fan de fatbiker is noch neat bekend.
Oanriding tusken fytser en auto by stasjon Ljouwert
By in oanriding by it stasjon fan Ljouwert is in fytser ferwûne rekke. It ûngelok gebeurde tusken 'e middei. It is net dúdlik hoe't de botsing ûntstean koe.
Jonge (15) út Akkrum ferstoarn nei ûngelok op crossbaan Prikkedam
In 15-jierrige jonge út Akkrum is ferstoarn nei in ûngelok op de crossbaan Prikkedam yn Makkingea. Dat ûngelok barde woansdeitemiddei. De jonge waard fuortendaliks oerbrocht nei it UMCG. Hy is dêr letter oan syn ferwûningen ferstoarn.
VV Akkrum, de klup dêr't de jonge lid fan wie, hat fan it wykein de slotdei fan it seizoen oanpast. De klup meldt dat aktiviteiten ôfskaald binne en dat der in minút stilte west hat.
Oan de Wijnhornsterstraat yn Ljouwert hat fannacht in autobrân west. Krekt nei tolven waard de brânwacht oproppen foar de brân.
De ôfrûne tiid hat de brânwacht faker útride moatten foar autobrannen yn de stêd. Ein maaie wie yn deselde wyk noch in autobrân. De plysje ûndersiket de tadracht fan de brân fan fannacht.
Moarn
Wolkom yn it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.