Demisjonêr minister Hermans hâldt fêst oan swiere stroomkabel ûnder Skiermûntseach

De kabel op it Waad wurdt oanlein troch in Wadtrencher © TenneT
It Ryk wol de plannen foar in swiere stroomkabel ûnder it eilân Skiermûntseach trochsette. Dat hat demisjonêr minister Sophie Hermans fan Klimaat en Griene Groei tongersdei bekend makke yn in oerlis mei noardlike bestjoerders.
It oerlis wie yn Hornhuizen (Grinslân). Dat is ek it plak dêr't de kabel oan lân komme moat.
"We hebben verschillende routes onderzocht en ik realiseer me dat geen van de routes 100 procent ideaal is", seit minister Hermans.
De minister kiest foar in rûte dy't neffens har de minst neidielige effekten hat.

Nasjonaal belang

"Ik heb heel veel begrip voor de zorgen die er zijn, voor de effecten op de natuur, voor de effecten op het land van boeren hier in de omgeving. En tegelijkertijd heb ik ook een verantwoordelijkheid om naar ons nationaal belang te kijken", seit Hermans.
"Als je iets gaat doen in of rondom de Waddenzee dan zal dat altijd een effect hebben. Maar de vraag is: zijn dat effecten die we kunnen beheersen? Als je niks doet, dan gebeurt er niks."
De rûte fan de stroomkabel © Omrop Fryslân
Om de klimaatdoelen te heljen, komme der ferskate grutte wynparken op de Noardsee. De enerzjy dy't dêr opwekt wurdt, moat fia kabels en liedingen by de Eemshaven oan it lanlike stroomnet keppele wurde.
Zoals het nu lijkt, drukt ze het erdoor.
Boargemaster fan Skiermûntseach Ineke van Gent oer demisjonêr minister Sophie Hermans
Neffens Hermans is de rûte ûnder Skiermûntseach it rapst klear en technysk it ienfâldichst oan te lizzen. "Ik wil dat die energie ook beschikbaar is als die nodig is", seit se.
Fierder soe dizze opsje ek it minst kostber wêze. Netbehearder TenneT giet út fan minimaal 9 miljard euro om de wynparken oan te sluten op de Eemshaven.

Noarden is tsjin

Noardlike bestjoerders en belangegroepen hawwe harren ferskate kearen útsprutsen foar twa eastlike rûtes. Dat binne de saneamde tunnelfariant en de Oude Westereemsroute.
Neffens it ministearje soe it oanlizzen fan in tunnel te lang duorje. Oan de rûte fia de Iems soe Dútslân net meiwurkje wolle.
De Fryske bestjoerders binne kritysk oer it beslút fan de minister: "Ik vind het echt heel jammer en baal er eerlijk gezegd behoorlijk van", seit boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach.
Ineke van Gent © Omroep Zilt, Lennard Geerts
"Eigenlijk is niemand er blij mee, maar zoals het nu lijkt drukt ze het erdoor. Wij blijven betogen dat het wat ons betreft niet de juiste keuze is."
"Wij zijn ook de stem om het UNESCO-werelderfgoed, waar Schiermonnikoog middenin ligt, te beschermen en ik moet u zeggen: daar maak ik me wel echt grote zorgen over."

Ferlies

Ek deputearre Sijbe Knol is net bliid mei it beslút fan de minister. "It betsjut in ferlies foar Skiermûntseach, mar ek foar it Waadgebiet."
Deputearre Sijbe Knol © Omrop Fryslân
Wol fynt er it goed dat der no helderheid is. "De minister is wol dúdlik, en dat ha wy ek frege", seit Knol. "Wat dat oanbelanget witte wy no wat de ynstek is fan it ryksregear. Dat wy it der net mei iens binne en besykje sille dat op te kearen of oars foarinoar te krijen, dat mei dúdlik wêze."

Wantij

Natuerbeskermers fine de rûte ûnder it eilân troch en oer it saneamde wantij eins de minste opsje. Op it wantij komme de seestreamingen fan de Noardsee inoar tsjin; it is der relatyf ûndjip en it tij hat hjir de minste krêft.
Dêrtroch is it in reedlik rêstich stikje Waad dêr't in soad libben mooglik is; fan seegers oant skulpen en wjirmen. Dat lûkt wer in soad fûgels oan, lykas de leppelbek.
Frank Petersen, wurdfierder by de Waadferiening © Omrop Fryslân
Frank Petersen fan de Waadferiening is teloarsteld dat de minister foar de oanlis fan in stroomkabel troch it kwetsbere gebiet kiest.
"Ik had na drie jaar verwacht dat de Nederlandse regeringen die dit hebben gedaan, beter hadden begrepen dat het Wad echt een speciaal natuurgebied is", seit Petersen.
"Je zou willen dat er gewoon een duidelijk principieel standpunt zou zijn van: in dit natuurgebied doen we dit gewoon niet."

LTO ek poer

De kabel rint de lêste tritich kilometer troch tige fruchtber poatierappellân nei de Eemshaven. Yn dat gebiet is fersilting fan de grûn in tema dat bot spilet.
LTO is benaud dat de fersilting allinnich mar tanimt wannear't der in stroomkabel troch it gebiet lein wurdt.
In fjild yn it noarden fan Grinslân © Omrop Fryslân
Tineke de Vries fan LTO neamt it beslút fan minister Hermans 'hiel teloarstellend'. "Echt eltsenien hjir yn it Noarden is hjir op tsjin. De provinsjes, de boeren, de natuerorganisaasjes, de eilannen."
De Vries is fan miening dat Hermans foar de 'bestjoerlik maklikste wei' keazen hat, troch foar it westlike trasee troch Nederlânsk farwetter te kiezen.
Demisjonêr minister Hermans hopet dat it wurk oan de kabel oer trije jier úteinsette kin.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.