Utfiner Roel (79) lit roeiers foarút sjen

Roel Nicolai (79) hat al hiel wat útfinings dien © Omrop Fryslan
"Yn 4.000 foar Kristus wiene der al roeiboaten en no 6.000 jier letter sitte we noch altyd ferkeard om yn de boat. Dat moat no foarby wêze. It is dochs folle logysker ast sjochst wêr'tst hinne roeist?"
En dêrom betinkt Roel Nicolai in meganykje dat derfoar soarget datst foarút giest ast de riemen fan in roeiboat oanlûkst. En dus hoechst dan ek net mear achterom te sjen ûnder it roeien.
De roeier sjocht foarút mei de útfining fan Roel © Omrop Fryslan
It is ien fan de útfinings fan de 79-jierrige Droegehamster. It fernuveret him dat it achterút roeien yn dizze tiid noch noait oanpast is. "In útfining moat net logysk wêze, en eins is dit logysk. Mar dat dit noch net earder betocht is, is net logysk."

Willie Wortel

Nicolai fynt it roeimeganykje út as hy ophâldt mei wurkjen op syn 75ste. Soan Luitzen folget him op yn syn masineboubedriuw yn Drachten.
"Heit is in 'Willie Wortel', hy sit fol fan technyk en hat altyd wol in idee", seit Luitzen.
In fragmint út in promoasjefilmke fan de pikefangmasine © Omrop Fryslan
Nicolai senior is syn libben lang al troch technyk fassinearre. Nei ferskillende technyske opliedings en wurk by Philips en yn de skipsbou komt hy yn de masinebou terjochte.

Pikefangmasine

As der fraach komt nei in wize om it pikefangen te meganisearjen, betinkt hy dêr in masine foar.
De pikefangmasine wurket as in soarte fan stofsûger dy't de hinnen opsûget en op in bân transportearret. Nicolai giet der de hiele wrâld mei oer.
Mar it logistike proses neidat de masine syn wurk dien hat, soarget derfoar dat der te folle oanpassings plakhawwe moatte.
As de finansier fan it projekt de handoek yn de ring smyt, ferkeapet Roel it oktroai. Mar it wurdt wol it kearpunt om in eigen masineboubedriuw te begjinnen.
De Mercury dêr't Roel mei op 'en paad giet © Omrop Fryslan
Thús yn Droegeham giet de útfiner gewoan troch mei it meitsjen fan konstruksjes en it sammeljen fan âlde masines en auto's.
Op syn hast in hektare grutte hiem stiet in bûnte kolleksje lânbou-ark, trekkers, in NSU-bromfyts en Amerikaanske auto's lykas in Chevrolet en in Lincoln.
It hat wat, ik begryp dy auto. Ik begryp hoe't it wurket en dat hast mei dy nije auto's net mear.
Roel Nicolai oer syn leafde foar âlde Amerikaanske auto's
Sels rydt Nicolai yn in meterslange Ford Mercury út de jierren '70 dy't hy út Kanada wei oerkocht hat. "It hat wat, ik begryp dy auto. Ik begryp hoe't it wurket en dat hast mei dy nije auto's net mear. Al dy elektroanika. As hjir wat mis is, wit ik presys wêr't it sit."

Mei de tiid mei

"Mar hy hat wol in achterútrydkamera, want ik ha net goed sicht achter wêr't de auto ophâldt en wêr't er begjint. Moatst in bytsje mei de tiid meigean", fynt Roel.
De âlde trommelskodder dêr't Roel noch hea mei makket © Omrop Fryslan
Ien fan syn oare pronkstikken op it hiem is in âlde trommelskodder. "Dizze masine is noch makke by Prins yn Dokkum, om hea te meitsjen. It is de 'laatste der Mohikanen', dizze masine is ûnferwoastber!"
Roel syn frou Durkje hat neat op de hobby fan har man tsjin © Omrop Fryslan
De útfiner hat it noch altyd drok. Hy wol syn skatten eins allegearre ek ûnder dak ha, mar dêrfoar moat earst de âlde jongfeeskuorre ferboud wurde. Roel hat dêr letter syn wurkpleats fan makke dêr't hy ek in smidderij by hie.

Tiid te min

"Ik moat in stik ôfbrekke en dan moat der in meter as 10 by komme en in nij dak derop. It measte materiaal ha ik hjir al te lizzen. Ik hoopje dat ik de tiid derfoar krij."
Roel syn frou Durkje lit him moai wat gewurde. "It is syn hobby en ik genietsje der ek wol fan hear. Hy griemt hjir wol wat om, en dan ha ik him ek net foar de fuotten", laket se.
It âlde hok dat noch ferboud wurde moat © Omrop Fryslan
Roel sit noch fol plannen, ek al is hy de jongste net mear. "Mar ik bin de âldste ek net", protestearret er.
"Ast gjin plannen mear hast, dan wachtest ôf wat der bart. Ik wachtsje net ôf, ik wol ynfloed ha op wat der bart. Dat jout my foldwaning."
Dat syn útfinings, lykas it roeimeganisme, net altyd de hiele wrâld feroverje, fynt er net slim. "Ik meitsje my gjin yllúzjes dat it allegearre feroaret. Mar neffens my is it sa better, en as it better is, sil it der dochs wolris trochkomme."
Sjoch hjir de HEA!-reportaazje oer de útfinings fan Roel Nicolai:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.