Fytsalvestêdetocht giet dit jier wer troch Wommels en dat komt stikem wol goed út

De klinkers fan Wommels lizze der klear foar © Omrop Fryslân
Wommels makket him klear foar pinkstermoandei. De Fytsalvestêdetocht set dan útein, en dy giet dit jier wer troch it doarp. De bewenners binne dêr mar al te bliid mei binne.
Yn 2022 waard nei 25 jier de fytstocht lang om let wer troch Wommels fytst. De ôfrûne twa jier wie dat lykwols net mear it gefal. Dit kaam troch wurksumheden oan de dyk yn 'e rjochting fan Wommels.
Bewenners woene dat de tocht wer troch Wommels gie en setten harren dêrfoar yn.
It doarpsbelang fan Wommels kloppe oan by de organisaasje om te freegjen oft der wer troch Wommels fytst wurde koe.
"Dat moasten we dochs mar ris besjen", fertelt rayonhaad noard Willem Visser. "Yn oerlis mei doarpsbelang hawwe we besletten dat it kin, mar wol as it doarp sels de frijwilligers regelet."
Willem Visser, rayonhaad fan de noardlike rûte fan de Fytsalvestêdetocht © Omrop Fryslân
Foar Wommels is de tocht troch it doarp in moai evenemint.
"Foar it doarp is it geweldich", fertelt foarsitter fan it doarpsbelang Lieuwe Hoekstra. "It is gewoan fantastysk, ek foar de minsken. It rûntsje is no kompleet mei Wommels derby."
Lieuwe Hoekstra, foarsitter doarpsbelang Wommels © Omrop Fryslân
It doarp is drok dwaande mei de tariedingen foar moandei. Sa ek Christina Veenstra fan kafee It Reade Hynder yn Wommels. Under de tocht pakt se út mei ûnder oare in taap bûtendoar.
Veenstra ferwachtet in soad minsken. "Ik hoopje dat it folle bak is en dat minsken ús fine."
De rûte troch Wommels. © Omrop Fryslân
Moandei steane der sa'n tsien frijwilligers yn Wommels om alles yn goede banen te lieden. "Sûnder harren kinst neat. Dy hast echt nedich."
Dat de rûte troch Wommels rint, betsjut dat de fytsers in pear ekstra kilometers fytse moatte.
Mar stikem komt dat de organisaasje wol goed út.
Want de organisaasje ferkundiget altyd dat de Fytsalvestêdetocht sa'n 235 kilometer lang is. Mar eins wie it yn werklikheid mar goed 230 kilometer.
In pear ekstra kilometers komt de organisaasje dus net min út.
Catherina Veenstra is der no wol klear foar © Omrop Fryslân
De lêste kear dat der troch Wommels fytst waard, wist Catherina Veenstra net dat de tocht deunby har kafee delkomme soe.
"Doe hie ik it pân krekt trije wike kocht", seit se. "Op de dei dat we de kaai hiene, wie der ien dy't sei dat de tocht hjir delkaam. Hy sei dat ik de doarren iepensmite moast. Dat haw ik dien en it wie in prachtich moaie dei."

Hege ferwachtings

Yn 2022 wie se dus hielendal net goed taret, mar dat is diskear wol oars.
"Wy binne der klear foar. Mei-inoar meitsje we der in moaie dei fan."
Hoekstra ferwachtet in moaie dei. "Foar de automobilisten wat minder", grapket er.
"It wurdt hjir grif in prachtich plak. Bytsje ite, in bierke foar de kroech en wat drokte op De Terp. It kin allinnich mar posityf útpakke foar bewenners en ûndernimmers."

Fytsalvestêdetocht te folgjen by Omrop Fryslân

De Fytsalvestêdetocht is op moandei 9 juny fansels wiidweidich by Omrop Fryslân te folgjen.
Yn de Omrop-app, op omropfryslan.nl en op ús socialmediakanalen binne we der de hiele dei by.
Op radio en telefyzje steane we fan 8.00 oant 20.00 oere by de rûte del.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.