Liesette Bruinsma swimt wer yn Fryslân: "It is nij, mar ek fertroud"

Liesette Bruinsma op It Hearrenfean © Omrop Fryslân
Paraswimster Liesette Bruinsma swimt wer op It Hearrenfean. Se hat de nasjonale ploech efter har litten en traint yn it swimbad fan Sportstad mei har nije coach Richard Koehoorn.
Op It Hearrenfean wol de regearjend paralympysk kampioene tawurkje nei de Spelen fan 2028.
It binne strakke trainingsoeren op It Hearrenfean. Op dit stuit swimt Bruinsma fan moandei oant en mei freed, alle moarnen fan healwei seizen oant healwei achten.
Dat wie oars by de nasjonale ploech yn Amersfoort, wêrby't se koartlyn fuortgien is.

Te fier fuort

De paraswimploech waard sintralisearre, en dus moatte alle swimmers it nije programma folgje yn Eindhoven. Foar Liesette, berne yn Snits, wie dat te fier fan har famylje en freonen.
Ek wie se ta oan in nije omjouwing, omdat se al acht jier trainde mei it team fan paraswimmers. Dus hat se de kar makke om wer op It Hearrenfean te swimmen.
It wie hoe dan ek in kar: óf do giest mei nei Eindhoven, óf do dochst wat oars.
Liesette Bruinsma
"Ik haw it by it nasjonale team echt wol nei it sin hân", fertelt Bruinsma.
"Allinnich wie ik noch bêst faak yn Fryslân, by myn freonen en famylje. Dat haw ik gewoan nedich. En om it aardich te hâlden, moatst kieze. Ik tink dat it belangrykste is, as topsporter, datst it nei dyn sin hast."

Nij en fertroud

"It wie hoe dan ek in kar: óf do giest mei nei Eindhoven, óf do dochst wat oars", seit Bruinsma.
En dus hat se de kar makke om nei It Hearrenfean gean. Net in folslein nije omjouwing, want se is al sûnt 2014 lid van HZ&PC. Dat is de swimklup dy't yn it swimbad fan Sportstad Hearrenfean traint.
"It is nij, mar ek fertroud."
By de feriening fan It Hearrenfean is Bruinsma de iennichste paraswimster, mar dêr hat se gjin muoite mei.
"Se swimme wol in stik hurder as ik", laket se.
"Mar dat stimulearret ek wol wer, want it binne ek minsken dy't swimmen krekt sa moai fine as ik. En dan makket it neat út dat se flugger gean."

Nije trainer

Bruinsma wurket sûnt koart tegearre mei har nije coach: Richard Koehoorn, de swimcoach fan HZ&PC.
It is wat nijs, en dat moat wenne.
Liesette Bruinsma
"It is wat nijs, en dat moat wenne. Mar it is wol noflik datst út en troch Frysk prate kinst."
Se hat al wol fertrouwen yn him en tinkt dat er har biede kin wat se nedich hat.
"Ik fernim al wol dat ik hiel noflik en goed prate kin mei Richard, dat wie al sa foardat ik by him trainde. Ik fyn it belangryk dat ik myn ferhaal by him kwyt kin."
Fertrouwen tusken swimmer en coach is neffens Bruinsma fan grut belang.
Richard Koehoorn, coach fan Liesette Bruinsma © Omrop Fryslân
"Liesette komt fansels út in omjouwing mei oare paraswimmers", seit Koehoorn.
"No komt se werom yn in echte swimklup. En ik tink dat dat foar har folle moaier is. Se hat ek al tsjin my sein: as ik my lekker fiel, prestearje ik better. Dat jout ek motivaasje."

Bubbels ûnder wetter

Flak foar de beide kanten fan it swimbad wurde fan de grûn bubbels foarme, sadat Liesette fielt wannear't se omdraaie of ophâlde moat.
"Dat skeelt in soad mankrêft. Oars moatst twa minsken delsette om dy oan te tikjen, of ien moat sa gek wêze om hinne en wer te draven", seit Bruinsma.
Mar út en troch moat Koehoorn dochs noch op en del drave mei in stôk, om Bruinsma op'e rêch te tikjen sadat se wit dat se by de kant is. Bygelyks by sprints yn it wetter: dan fielst de bubbels net troch it ûnrêstige wetter.
"Dat is de iennige feroaring foar my, neffens de oare swimmers", seit Koehoorn.
Richard Koehoorn tikket Liesette Bruinsma oan, sadat se omdraaie kin © Omrop Fryslân
Neffens Koehoorn hat de klup deselde ambysjes as Bruinsma.
"Liesette hat ultime doelen en wy hoopje mei te groeien nei dy doelen ta. Se is no paralympysk kampioen op de 400 meter frije slach. Dêr kin se noch wol wat winne. Dus ús doel is dat Liesette mei itselde resultaat wer by de folgjende Spelen stiet."

Spelen fan 2028

Bruinsma hat dus dat iene, dúdlike doel: goud op de Paralympyske Spelen oer trije jier yn Los Angeles.
Neffens har is der noch genôch tariedingstiid: it is gjin risiko om no fan trainer te wikseljen.
"Richard en ik hawwe beiden itselde doel, dat is hiel belangryk. En ik kin ek genietsje fan de wei nei in toernoai ta."
Liesette Bruinsma yn it swimbad fan Sportstad Heerenveen © Omrop Fryslân
Op dit stuit is Bruinsma foaral dwaande mei it wennen oan har nije trainingsplak en it ferbouwen fan har nije hûs op It Hearrenfean.
"Je moatte altyd wer efkes settelje as je nei in soad jierren wat oars dogge. En omdat myn hûs noch net klear is, is it allegearre noch efkes sykjen."

Grutter as it swimbad

Foar de takomst hopet Bruinsma in nóch bettere swimster te wurde.
"Ik wol hurder swimme as dat ik no doch. En wille hâlde, de kommende jierren foar Los Angeles. Dêrneist wol ik leare as minsk en as sporter en wol ik myn wrâld wat grutter meitsje as allinnich it swimbad."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.