Brok: Premier Schoof moat mooglik yngripe om in stroomkabel troch Skiermûntseach te kearen

Heart de Iems by Nederlân of Dútslân? Dat is noait swart op wyt kaam © Omrop Fryslân
Partijen yn it Waadgebiet freegje om in diplomatyk offinsyf op it heechste nivo om it grinskonflikt tusken Nederlân en Dútslân op te lossen, no't Skiermûntseach dêr de dupe fan driget te wurden.
Dat stiet yn in brief fan it Omgevingsberaad Waddengebied oan minister Sophie Hermans fan Klimaat en Griene Groei, skreaun troch Arno Brok. Brok is net allinnich kommissaris fan de Kening yn Fryslân, mar ek foarsitter fan it Omgevingsberaad Waddengebied.
Omdat de grins tusken Nederlân en Dútslân yn de Iems net dúdlik definiearre is, driget de Iems fuort te fallen as lokaasje dêr't grutte stroomkabels fan wynparken op de Noardsee trochhinne kinne.
Yn stee dêrfan is de kâns no grut dat dy kabels troch Skiermûntseach en de Waadsee komme.
De grins is net definiearre by it stikje Nederlân en Dútslân © Omrop Fryslân
"Wij zijn van mening dat, gezien de grote belangen van natuur, recreatie, landbouw en leefbaarheid die op het spel staan, dit gesprek "chefsache" moet worden", skriuwt Brok, "En dus op het hoogste bestuurlijke niveau onderwerp van gesprek moet zijn tussen Nederland en Duitsland."
Dêrmei doelt er op minister Hermans, "mar as de minister der net útkomt, dan moat de minister-presidint it mar besykje", sa seit Brok.

Mear útlis en oerlis nedich

Brok ferwiist yn de brief ek nei de miljeueffektrapportaazje dy't koartlyn útkaam is oer foarstelde trasees foar de stroomkabels. Dêryn stiet dat der "wel meer uitleg en informatie nodig is om te bepalen of er geen ontoelaatbare gevolgen zijn voor kwetsbare natuur en het landschap".
It bliuwt net by de kabelkwestje allinnich dêr't Brok him oer útsprekt. Ek oer klimaat, definsje, de beskikberens fan swiet wetter en de hiele enerzjytransysje is mear ynternasjonaal oerlis nedich tusken Nederlân, Dútslân en Denemarken, fynt it Omgevingsberaad. Dat binne de trije lannen dêr't de Waadsee binnen falt.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok © Omrop Fryslân
Ek steatssekretaris Jean Rummenie (Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer) hat in brief krigen fan it Omgevingsberaad. Der libje nammentlik grutte soargen oer de besunigings op de Nasjonale Parken.

24 miljoen minder

Yn it Waadgebiet allinnich al lizze trije fan sokke parken: Skiermûntseach, Lauwersmar en de 'Duinen van Texel'.
Skiermûntseach is ien fan de Nasjonale Parken dy't in miljoenebesuniging temjitte geane © Henk Boschma
Oars as oare natuergebieten krije Nasjonale Parken fan it Ryk en de provinsjes gewoanwei wat ekstra jild foar ûnder oare edukaasje en foarsjennings foar besikers. It Ryk hâldt foar in grut part op mei dy bydrage: der wurdt lânlik 24 miljoen op besunige.
"Deze Nationale Parken zijn niet alleen waardvolle natuurgebieden, maar vormen ook de grootste gratis toegankelijke recreatievoorzieningen van Nederland", stiet yn de brief, dêr't yn frege wurdt om de besunigings werom te draaien.

"Miljoen gasten"

Net allinnich om de natuer, mar ek omdat de parken hiel wichtich binne foar de lokale ekonomy: "De parken vervullen met een miljoen gasten per jaar een belangrijke rol voor de economie, de werkgelegenheid en leefbaarheid in het gebied."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.