Gefolgen wynkabels foar waadnatuer net genôch yn byld

Skiermûntseach © Shutterstock.com (InYourPicture)
Der moat mear ûndersyk dien wurde nei de effekten fan de beëage stroomkabel tusken Skiermûntseach en de Eemshaven op de natuer. Dat advisearret de ûnôfhinklike Kommisje foar de Milieueffectrapporttage (MER).
It beslút oer de oanlis fan de stroomkabel falt ûnder de ferantwurdlikheid fan it ministearje fan Klimaat en Griene Groei (KGG). Dat ministearje hie de MER om advys frege.
Neffens de MER is it plan foar kabels foar it grutste part goed ûndersocht, mar dat der 'meer uitleg en informatie nodig is om te bepalen of er geen ontoelaatbare gevolgen zijn voor kwetsbare natuur en het landschap'.

Klimaatdoelen

Om de klimaatdoelen te heljen, komme der ferskate grutte wynparken op 'e Noardsee. De enerzjy dy't dêrtroch opwekt wurdt, moat fia kabels en leidingen by de Eemshaven oan it lanlike stroomnet keppele wurde.
De oanlis fan in stroomkabel nei in wynpark op 'e Noardsee by Wijk aan Zee © ANP
Minister Sophie Hermans (KGG) hat dêrfoar har foarkar útsprutsen foar in rûte ûnder Skiermûntseach troch. De gefolgen fan dy kar binne ûndersocht yn in miljeu-effektrapportaazje.

Waadfûgels en seehûnen

Neffens de MER is dy rapportaazje 'over het algemeen goed en conclusies doorgaans navolgbaar'. Wol moat der mear ûndersyk dien wurde nei de fersteuring fan bygelyks waadfûgels en seehûnen by de oanlis fan de kabels.
De rûte fan de kabel giet troch in gebiet dêr't in soad leppelbekken sitte © ANP
De Commissie wiist derop dat noch net dúdlik is oft de foarstelde maatregels genôch binne om de skea oan natuer en lânskip te beheinen. Ek is net dúdlik hokker ynfloed dy maatregels hawwe op de planning fan de oanlis.

Advys

De grutte fraach is fansels wat it ministearje mei dit advys docht. Der neat mei dwaan, is net sûnder risiko's.
Omdat it om Europeesk beskerme natuer giet, moat der ekstra swier toetst wurde, en oanjûn wêrom't der gjin bettere alternativen binne.
As it ministearje dit net goed ûndersiket, kin it wêze dat sy juridysk yn de problemen komme as in partij nei de rjochter stapt om de kabel ûnder Skiermûntseach troch tsjin te hâlden.
De minister kiest foar de westlike rûte, noardlike bestjoerders wolle in eastlike rûte © Omrop Fryslân
Noardlike bestjoerders en belangegroepen ha har ferskate kearen útsprutsen foar twa eastlike rûtes. Dat binne de saneamde tunnelfariant en de Oude Westereemsroute.
Neffens it ministearje duorret it oanlizzen fan in tunnel te lang. Foar de rûte fia de Iems jout Dútslân gjin tastimming.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.