Hearrenfean sprekt him as earste Fryske gemeente út tsjin geweld yn Gaza

Ravaazje nei in Israelysk bombardemint op Gaza-stêd © ANP
De gemeenteried fan Hearrenfean hat in moasje oannommen wêryn't boargemaster en wethâlders oproppen wurde har út te sprekken tsjin "mensenrechtenschendingen en het gebruik van disproportioneel geweld, waaronder uithongering, tegen burgers en hulpverleners in Gaza".
Hearrenfean is de earste gemeente yn Fryslân dy't dat docht.
De yntsjinners fan de moasje fine dat Hearrenfean solidêr wêze moat mei slachtoffers fan geweld en ûnderdrukking, oeral op de wrâld.
Mei de moasje roppe se it kolleezje op om him publyklik út te sprekken tsjin it geweld, mar ek om út namme fan elke ynwenner fan de gemeente 1 euro oer te meitsjen op giro 555, foar de helpferliening yn Gaza.

18 tsjin 13

De moasje waard tongerdei mei in mearderheid fan 18 tsjin 13 oannommen. D66, FNP, GrienLinks, PvdA en SP stimden foar de moasje. CDA, ChristenUnie, Gemeentebelangen, Heerenveen Lokaal en de VVD wienen tsjin.
Tsjinstanners fine dat de lokale polityk har net mei dit soarte saken bemuoie moat.
Ek op de tekst fan de moasje kaam krityk. Der soe te folle nei de ferantwurdlikheid fan Israël wiisd wurde, wylst de oanslaggen fan Hamas net beneamd wurde.
Boargemaster Avine Fokkens (VVD) seit dat de tekst fan de moasje noch wol troch it kolleezje bepraat wurde sil. Fokkens fynt dat de gemeente gjin kant kieze moat yn it konflikt, en dat de moasje heechút gean moat oer de ferskrikkingen yn Gaza.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.