Barbara (58) ûndersiket wat leafde is en nimt ek har eigen relaasje ûnder de loep

Barbara van Beukering mei har boek © Omrop Fryslan, Simone Scheffer
Boeken oer de leafde, se binne der yn alle soarten en maten. En no is der in nije by. Fan Barbara van Beukering (58) út Langwar. Se skreau it boek Levenslange liefde, sprookjes bestaan niet.
Yn it boek docht se in persoanlike syktocht nei in antwurd op de fraach wêrom't we dochs altyd dat ideaalbyld foar eagen hawwe fan dy iene leafde yn it libben.
Ik wist meteen dat ik ook eerlijk moest zijn over mijn eigen relatie.
Barbara van Beukering
Barbara van Beukering wennet mei har man yn Fryslân. Se binne al 35 jier byinoar. Yn it boek beskriuwt se ferskillende fazen en ek de tûkelteammen fan in lange relaasje.
Dêrneist praat se mei saakkundigen, lykas psychiaters en relaasjeterapeuten, mar ek mei minsken út har omjouwing. Har fjouwer bern komme bygelyks oan it wurd, mar ek Cornald Maas.
En se naam dus har eigen houlik ûnder de loep. "Ik wist meteen dat ik ook eerlijk moest zijn over mijn eigen relatie. Dat ik ook wel eens een slippertje heb gemaakt en dat het ook wel eens saai is."

Spannend foar de man

Dat se oer har eigen relaasje skreau, wie benammen foar har man wol spannend. Mar hy wie tefreden. Der stie gjin nijs yn foar him.
Dat sy noch altyd byinoar binne, hat neffens har ek mei har feilige jeugd te krijen en dat de ferwachtings net te heech wiene. Sa learde se fan de saakkundigen.
Dochs fynt se dat it oer it algemien ek goed wêze kin om meardere grutte relaasjes en leafdes yn it libben te hawwen.
Levenslange liefde fan Barbara van Beukering © Omrop Fryslân
De westerske kultuer is neffens Van Beukering noch altyd yn de ban fan it mearkesbyld 'en ze leefden nog lang en gelukkig'.
Se fynt dat net realistysk, dochs fertelle we dat hjoed-de-dei noch altyd oan ús bern.
"We voeden onze kinderen op met een ideaalbeeld dat haaks staat op de realiteit."

Skuldgefoelens

As dat net slagget, fiele minsken dat se tekoartsketten hawwe. Se krije skuldgefoelens oer it mislearjen fan de relaasje. Neffens Van Beukering soe it better wêze der wat luchtiger mei om te gean.
"Het is heel logisch dat je relatie eindigt. De kans dat het levenslang duurt is klein. Je kunt er ook een strikje om doen en zeggen: het is mooi geweest."
Liefde gaat ons allemaal aan.
Barbara van Beukering
"Vervang de norm voor de vorm", dat is in útspraak fan ien fan de saakkundigen yn it boek.
It 'huisje-boompje-beestje'-byld soene we loslitte moatte, en wy kinne ús just iepenstelle foar oare foarmen fan libjen. Hoechst net in libbenslange relaasje te hawwen om lokkich te wêzen, leit Van Beukering út.
Yntimiteit en fertroulikheid kinst ek fine by freonen en famylje. Neffens har is dat ek de takomst fan de leafde.

Fragmint út Levenslange liefde

De kans dat je een stuk of drie langere relaties in je leven zult hebben,
is groter dan de kans dat je je hele leven bij één persoon zult
blijven. Misschien zijn die drie relaties stuk voor stuk wel intenser
en liefdevoller dan één heel lange relatie. De toekomst van romantische
liefde ligt mijns inziens in seriële monogamie. Ik denk dat we
de dwingende maatschappelijke norm van die levenslange liefde
moeten vervangen door een andere opdracht: zie het beëindigden
van een relatie niet als een mislukking. Het is een volstrekt natuurlijk
gegeven dat relaties na een bepaalde tijd eindigen. Dat heeft
niks met falen te maken, maar alles met de kleine kans dat je iemand
ontmoet die voor een heel leven bij je blijft passen.
Yn it libben kinne der mear grutte leafdes foarkomme en sûnder grutte leafde giest ek net dea. It is ek net genetysk bepaald dat we altyd by ien partner bliuwe. It is echt kultureel bepaald.
It boek is foaral net bedoeld as moralistysk. "Ik wilde graag een troostrijk, bevrijdend en luchtig boek maken. Liefde gaat ons namelijk allemaal aan."

Buro de Vries

Dit ferhaal is as reportaazje te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries. Fierder is de podcast beskikber op de bekende platfoarms.
Buro de Vries is alle wiken op sneintemoarn by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt jûns werhelle tusken 21.00 en 23.00 oere.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.