'Ynspirearjende' Liesette Bruinsma krijt earfolle priis
Paralympysk swimster Liesette Bruinsma út Wommels hat de Pahud de Mortanges Trofee krigen. It is in ûnderskieding dy't sportkoepel NOC*NSF útrikt oan de sporter dy't har in ynspirearjend foarbyld toand hat.
Bruinsma hat har ynset foar de komst fan blinetribunes yn de swimsport. Dit is in spesjale tribune dêr't blinen en minsken dy't min sjogge dochs de folsleine wedstriid meimeitsje kinne. Se kinne mei in koptelefoan op it kommentaar hearre.
Technyk tapast by swimmen en reedriden
Yntusken is de technyk al tapast by ûnder mear it Europeesk kwalifikaasjetoernoai swimmen yn juny 2024 en it NK ôfstannen by it reedriden.
By de algemiene ledegearkomste fan NOC*NSF krige Bruinsma de priis út hannen fan foarsitter Anneke van Zanen-Nieberg.
De trofee is ferneamd nei Charles Pahud de Mortanges, in eardere militaryruter dy't yn de jierren tweintich en tritich fan de foarige iuw op de Olympyske Spelen fjouwer gouden medaljes wûn. Letter wie er foarsitter fan it NOC en lid fan it IOC.