Brânwacht Fryslân siket faker psychologyske help: praat deroer, is it boadskip

Marinus van de Velde, adjunkt-kommandant by Brânwacht Fryslân © Omrop Fryslân
In grutte brân of in slim ûngelok: it heart by it wurk fan de brânwacht. Mar dêroer prate is net altyd maklik. Dochs sjocht Brânwacht Fryslân it tal trochferwizingen foar psychologyske help tanimmen.
Marinus van de Velde is adjunkt-kommandant fan Brânwacht Fryslân. Neffens him wie it 30 jier lyn noch in taboe om oer gefoel te praten by de brânwacht.
"Als je een heftig incident had meegemaakt, kwam je op de post terug, dronken we een biertje en werd er niet over gesproken. Maar tegenwoordig zien we dat onze mensen erover willen praten", seit Van de Velde.

De drip dêr't de amer fan oerrint

Yn de lêste trije jier hawwe der by de brânwacht yn Fryslân 22 trochferwizingen west foar psygologyske help.
Foar 2019 wie dat gemiddeld noch ien persoan it jier.
Neffens Van de Velde komt dy ferskowing net trochdat de ynsidinten slimmer wurde, mar om't de maatskiplike druk tanaam is.
Brânwachtlju kinne heftige situaasjes meimeitsje © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
"Mensen hebben thuis soms meer stress of financiële zorgen, ze hebben een andere werkgever bij wie het heel druk is. Dan is een incident niet eens zozeer hetgeen waar het om gaat, maar wel de druppel die de emmer doet overlopen."

Hoe sjocht neisoarch derút?

Neisoarch by Brânwacht Fryslân giet fia it Team Collegiale Ondersteuning (TCO). Dat is in groep kollega's dy't spesjaal oplaat is om neisoarchpetearen te fieren.
As der in ynsidint is, freget de liedingjaande fan de post it oan en wurdt it team oproppen.
Faak helpt sa'n petear al, seit Van de Velde. Yn 9 fan de 10 gefallen hat it sukses.

Andries Dijkstra is lid fan it Team Collegiale Ondersteuning. Hy fiert al goed tsien jier neisoarchpetearen.
Andries Dijkstra, Brânwacht Fryslân © Omrop Fryslân
Yn sokke petearen is fertroulikheid hiel wichtich, fertelt hy.
"Ien kin alles sizze en diele wat er wol. Dat bliuwt ek binnen dy muorren. In twadde hiel belangryk ûnderdiel is it gronologysk trochnimmen fan it ynsidint. Wat hasto meimakke, fan begjin ta ein?", leit Dijkstra út.
Eltsenien sjocht wat oars. Eltsenien hat in oar puzelstikje.
Andries Dijkstra
"Dat dogge we by alle ploegleden, want eltsenien sjocht wat oars. Eltsenien hat in oar puzelstikje."
As brânwachtlju nei in twadde neisoarchpetear noch lêst hawwe fan it ynsidint, dan kin der in trochferwizing plakfine.

Net oeral is neisoarch

Hoewol't de brânwacht yn Fryslân de psychologyske help goed op oarder hat, is dat net oeral yn Nederlân it gefal.
Ut ûndersyk fan Zembla die ferline jier bliken dat guon brânwachtminsken sels harren mentale stipe regelje moasten en salaris ynleverje moasten doe't se troch psychyske klachten siik thús sieten.
Dat sil feroarje, want dit jier komt der in lanlike regeling dy't PTSS (posttraumatyske stresssteuring) offisjeel erkent as beropssykte foar brânwachtlju.
Dy regeling soarget derfoar dat personiel dat útfalt troch mentale klachten, rjocht hat op folsleine trochbetelling fan it lean.
Kropje it net op, mar praat deroer © Shutterstock.com (PeopleImages.com - Yuri A)
Foar plysjeminsken bestiet al langer in lanlike neisoarchregeling, mar foar de brânwacht is dat yngewikkelder, seit Van de Velde.
Dat komt om't de plysje ien organisaasje is en de brânwacht ûnder 25 Veiligheidsregio's falt.
Dêrneist ferskilt de ynrjochting tusken regio's. Yn Fryslân binne de measten brânwachtminsken frijwilliger, yn Amsterdam binne it benammen beropskrêften.
Brânwachtauto's © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
It doel fan de neisoarchpetearen is net om fuort PTSS te sinjalearjen, jout Dijkstra oan.
It is neffens him normaal dat it gefoel nei in wike as fjouwer nei in ynsidint wer stadichoan ferbetteret.
"Eins kinst pas nei langere termyn sjen fan: hé, de ferwurking nei in ynsidint, is dat normaal? Of hat dy in stikje fersteuring deryn?"
Pas dan komt it fraachstik PTSS om de hoeke sjen.

Oanstellingskeuring

De Fryske brânwacht seit de regeling wêrby PTSS as beropssykte sjoen wurdt, net nedich te hawwen.
Se binne op eigen inisjatyf al goed oan de gong mei de psygologyske stipe fan meiwurkers. Dochs wolle se harren oandacht foar mentale klachten fierder útwreidzje.
We willen inzicht in de mentale staat van medewerkers voordat ze in dienst komen.
Marinus van de Velde
Van de Velde: "We willen beginnen met een aanstellingskeuring. We willen inzicht in de mentale staat van medewerkers voordat ze in dienst komen."
By Brânwacht Fryslân tinke se oer foarljochting foar partners om harren te helpen mentale problemen te werkennen.

Hoe stiet it mei de lanlike regeling?

Yn juny 2024 naam de Twadde Keamer in moasje oan om mei in lanlike regeling te kommen. Yntusken is de regeling klear en binne de fakbûnen akkoart.
It is noch wachtsjen op de finansiering fan út it Ryk. It Ministearje hat hjir noch gjin tasizzing yn dien.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.