Provinsje Fryslân wist net dat stielslakken by Ljouwert proefprojekt wie: "Ynset as proefknyn"
It ministearje fan ynfrastruktuer en Wettersteat hat Tata Steel oant twa kear holpen by it ôfsetten fan in fersmoargjend restprodukt. Dat docht bliken út in ûndersyk fan radioprogramma Nieuws & Co en Nieuwsuur (NOS/NTR).
Yn Fryslân binne stielslakken ûnder mear yn it projekt fan de 'Heak om Ljouwert' en by de oanlis fan de Sintrale As brûkt. De 'Heak om Ljouwert' wie ien fan de proefprojekten yn 2012, mar dat wist de provinsje hielendal net.
It provinsjebestjoer wie ek net op de hichte fan eardere problemen mei stielslakken, seit in wurdfierder. "It ryk promoate stielslakken doe."
Se tinke, ach dêr yn Fryslân, besykje it dêr mar út mei dy minsken.
Leden fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân reagearje lilk. Steatelid Jochem Knol (GrienLinks) fynt dat problemen oer it sket smiten binne. "Dat je enerzijds zegt 'ik wil het niet meer' en je gaat het ergens anders promoten. Daar kan ik met mijn verstand niet bij."
Wat binne stielslakken?
Stielslakken wurde yn Nederlân makke troch Tata Steel. It is in oerbliuwsel nei de produksje fan stiel. In griis stieneftich guod dat swiere metalen befettet. Tata Steel kin der neat mei, mar produsearret wol sa'n 650.000 ton stielslakken yn it jier. Dat komt del op sa'n 26.000 frachtweinen.
De Nederlânske oerheid stimulearret de saneamde sirkulêre ekonomy: ôffal moat safolle mooglik op 'e nij brûkt wurde. Bedriuwen dy't stielslakken produsearje en ferkeapje bestimpelje it dêrom graach as boumateriaal en net as ôffal.
Ek Steatelid Tjitte Hemstra (FNP) oardielet dat Fryslân ynset is as "proefknyn". "Se tinke, ach dêr yn Fryslân, besykje it dêr mar út mei dy minsken."
Alle proefprojekten, ek dy yn Ljouwert, binne mislearre. Der ûntstienen miljeuproblemen en skea oan de diken.
Rykswettersteat besleat yn 2016 dêrom definityf op te hâlden mei stielslakken as boumateriaal foar diken.
Risiko's
It ministearje joech yn 2010 Rykswettersteat de opdracht om stielslakken as materiaal te brûken by de oanlis fan diken. Wylst dyselde tsjinst dêr krekt mei opholden wie fanwege 'onacceptabele risico's'.
Yn 2017 joech it ministearje, op fersyk fan Tata Steel, in offisjele ferklearring dat it materiaal gjin ôffal is, nettsjinsteande de eigen negative ûnderfinings.
Keamerlid Aant-Jelle Soepboer (NSC) neamt de situaasje weardeleas. "Mei myn boereferstân tink ik dan: wêrom soest dit dwaan? It liket oft it belang fan in grut bedriuw swierder weaget as dat fan 'e boarger."
Wat NSC oanbelanget moat it gebrûk fan stielslakken folslein stopset wurde. "Sykje nei alternativen", sa seit Soepboer.
Oer de fraach oft Tata Steel, de produsint fan stielslakken yn Nederlân, ferantwurdlik hâlden wurde moat foar de fersmoarging troch stielslakken, wol er yn petear mei de steatssekretaris.
Syn partij fynt dat fersmoargers betelje moatte. Hjirta rôp er earder op yn in moasje. "Dat is wat my oanbelanget in earste stap om dit dossier op te lossen", seit Soepboer.
Goatstienûntstopper
By it brûken fan stielslakken is sprake fan fersmoarging fan 'e boaiem. Dat bart as it produkt yn kontakt komt mei grûn - of reinwetter. Dat wetter krijt dan in ferhege pH-wearde, fergelykber mei goatstienûntstopper.
Ek komme der fersmoargjende metalen frij yn de boaiem. Mar ferantwurdlik steatssekretaris fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, Chris Jansen (PVV), bliuwt by it stânpunt dat stielslakken "mits goed tapast" feilich brûkt wurde kinne.
De provinsje Fryslân lit yn in reaksje oan Nieuwsuur witte: "Staalslakken binne noch hieltyd in wetlik tastiene boustof en dat fynt de provinsje Fryslân in kwealike saak."