'Griener en oantrekliker': sa komt de binnenstêd fan Ljouwert derút te sjen

De ferlege kade moat soargje foar mear ferbining mei de stedsgrêft © Gemeente Ljouwert
Wa't takom jier troch it sintrum fan Ljouwert rint, werkent it mooglik net werom. De gemeente jout de binnenstêd in metamorfoaze. It devys: 'griener en oantrekliker'.
Dat de binnenstêd yngreven feroaret, mei ek wol foar it bedrach dat dertsjinoan smiten wurdt: 20 miljoen euro. De plannen binne makke yn gearwurking mei bewenners, ûndernimmers en wykpanels.
Wat foaral opfalt, is dat de binnenstêd griener wurdt. Yn ferskate strjitten en op pleinen komme beammen en planten. De grize, glibberige klinkers fan de Nijstêd ferdwine lang om let.
De grize, glibberige klinkers ferdwine © Gemeente Ljouwert
De kades fan de Nijstêd binne no benammen in plak dêr't fytsen stald wurde. De grize stiennen en brune bankjes fan no meitsje plak foar in ferlege, griene kade dêr't minsken aanst kuierje en sitte kinne. Op dy manier is der mear ferbining mei de stedsgracht.
Mar dy fytsen moatte ek in plak krije. Dy gean nei in nije fytsestalling dy't ûnder de Costes komt, op nûmer 146.
© Gemeente Ljouwert
© Gemeente Ljouwert
© Gemeente Ljouwert
Om te soargjen dat minsken yn it gebiet hingjen bliuwe, krijt it terras by de Waach in upgrade. It wurdt nei de westkant fan it gebou ferpleatst, mei dêrneist in fontein, sadat der romte is om te sitten en te boartsjen.
De plannen foar de Nijstêd wurde trochlutsen nei de Sint Jacobsstrjitte, Wurdumerdyk en Peperstrjitte. De stoepen dêr ferdwine, wêrtroch't de strjitte ien gehiel wurdt. Dat moat de strjitte feiliger en tagonkliker meitsje.
"Wy wolle gearwurkje en sterker meitsje wat ús binnenstêd unyk makket", seit wethâlder Hein de Haan. "Dat binne monumentale omjouwing, it wetter, ús meartalige en Fryske identiteit en de minsklike maat fan Ljouwert."
© Gemeente Ljouwert
© Gemeente Ljouwert
Dan nei it Ruterskertier. It is no noch in drokke ferkearsdyk, dêr't tydlik de bussen wer oerhinne ride. De hoareka en kultuerynstellings dêr freegje al langer om in gebiet dêr't mear romte is foar fuotgongers en terrassen. Dat bart no.
De entree fan De Harmonie skoot rjochting poppoadium Neushoorn. It Mata Hari Plein en de kade by De Harmonie wurde boppedat griener.
© Gemeente Ljouwert
© Gemeente Ljouwert
De Ipe Brouwerssteeg, dy't de Nijstêd en it Ruterskertier ferbynt, slaan guon minksen yn it tsjuster leaver oer. In kleurryk ljochtkeunstwurk, mei projeksjes fan in reinbôge, stjerrehimel of ûndergeande sinne, moat dêr feroaring yn bringe.
It wurk oan it sintrum set yn 2026 útein. De gemeente Ljouwert is al begûn mei de fergriening fan de Willemskade by it âlde Beursgebou en RUG Campus Fryslân.
"Mei de fêststelling fan dizze ûntwerpen en sketsen binne wy in flinke stap fierder en meitsje wy fan ús binnenstêd de húskeamer fan Fryslân", seit wethâlder De Haan.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.