It libben fan bokser Willy Kyakonye: moard, korrupsje en no in gefjocht om wrâldtitel
Hollywood hie gjin boeiender script skriuwe kind. De Ugandeeske Ljouwerter Willy Kyakonye makke in moard op syn coach mei, wie slachtoffer fan korrupsje, mar bokst no foar de wrâldtitel.
"Myn libben is wol in hiel ferhaal ja", seit Willy Kyakonye, wylst hy oan it trainen is by Frisia yn Ljouwert.
De 30-jierrige Willy Kyakonye is hikke en tein yn Kampala yn Uganda. As jonkje fan 10 wurdt hy pest troch doarpsgenoaten. Willy pakt it boksen op en fielt him fuortendaliks thús.
"It joech my selsfertrouwen en de sport lei my goed. Dêrtroch koe ik better mei de dingen yn de wrâld om gean."
Under oanfiering fan syn coach en grutte foarbyld Zebra 'Mando' Sennyange makket Willy him klear foar wedstriden.
Mando is in ferneamde namme yn Uganda, bokste op de Olympyske Spelen en waard nasjonaal kampioen.
Willy wint in soad wedstriden yn syn bertelân. Mar it jild dat hy binnen hellet, sjocht hy fanwegen in korrupsjeskandaal nea werom: it boksbûn hâldt al syn prizejild efter en docht it yn eigen bûse.
"Ik hie ynternasjonale wedstriden en wie echt yn opkomst yn it lân", fertelt Willy oer dy tiid. "Al it jild dat ik wûn, soe nei myn beppe gean, want sy moast de famylje ûnderhâlde. Mar dat ha wy dus nea sjoen."
Reden genôch om oer de grins te sjen. "Op advys fan Mando bin ik nei Nederlân ta kaam. Hy hie hjir konneksjes."
Yn 2016 komt Willy nei Ljouwert. Pleechâlden fange him op yn de Fryske haadstêd.
Willy mei foar it Nederlânske boksbûn fjochtsje en bout op 'e nij syn karriêre op. Mar dan krijt hy striemin nijs: syn coach Mando is yn Uganda fermoarde.
Mando is op dat stuit coach fan it Ugandeeske nasjonale bûn en is in frontman fan de politike beweging NRM, dy't al sûnt 1986 oan de macht is. Hy wurdt yn Kampala deasketten.
"Dat hat my tige sear dien", seit Willy. "Elke kear dat ik no fjochtsje, doch ik dat foar him. En foar myn famylje en mysels."
Willy nimt syn agresje mei de ring yn, mar neffens coach Piet Rozendaal is Willy bûten it boksen om in "fantastysk persoan".
"It wie echt yndrukwekkend doe't hy hjir binnenkaam. Dêr stie er ynienen mei syn pleechâlden. Hy mocht fan my wol even bokse. En wat ik doe seach, dat wie unyk."
Neffens Rozendaal hat Willy alles yn him om fier te kommen mei de sport. Willy is oansletten by de World Boxing Federation en wol sneon tsjin Wilmer Vásquez wrâldkampioen wurde.
Hoe wurket it boksen?
By it boksen is gjin oerkoepeljend bûn dat elk jier ien wrâldkampioenskip hâldt. De sport is nammentlik opdield yn ferskate bûnen, dy't allegear eigen boksers ha.
De grutste bûnen binne de International Boxing Federation (IBF), World Boxing Association (WBA), World Boxing Organization (WBO) en de World Boxing Federation (WBF).
By dy fjouwer bûnen falt it measte jild te fertsjinjen. Under oare wrâldferneamde nammen as Tyson Fury, Anthony Joshua en Oleksandr Usyk binne derby oansletten.
Kyakonye sit by de World Boxing Federation (WBF).
Rozendaal soe Willy de wrâldtitel o sa gunne. "Hy docht hjir tsjintwurdich ek alles foar jonge bern, hy helpt de jongerein op 'en paad by it boksen en selsbetrouwen te kweken. Willy is echt in geweldige keardel."
De wedstriid tusken Willy Kyakonye en Wilmer Vásquez is sneon yn it Kalverdijkje yn Ljouwert. Dan komt der mooglik noch in haadstik by yn it stoarmeftige libben fan Willy Kyakonye: wrâldkampioen wurde yn in sport dy't him safolle brocht hat.
"Sneon sil ik winne", seit Kyakonye sûnder twivel. "Foar myn famylje, myn coach yn Uganda, myn coaches hjir en mysels."