Drachten leit stroffelstiennen foar ombrochte Romafamylje Mirosch
Der komme sân nije stroffelstiennen te lizzen yn Drachten. Dy binne foar leden fan de Romafamylje Mirosch, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch oppakt en ombrocht binne troch de nazi's.
De stiennen wurde lein op it plak fan it eardere wenweinkamp by de Drachtstervaart del. Dêr leit tsjintwurdich de Rinze Wibbelinkstraat.
Omkaam yn Auschwitz
De famylje Mirosch bestie, njonken fjouwer bruorren dy't de oarloch oerlibben, út heit Pieter Stangus, mem Catharina Caja, dochters Sophie, Beatrix Emma Wijpkjen, Maria en Engelina Margaretha Catharina en beppesizzer Maria Catharina Caja.
Sy binne alle sân op 16 maaie 1944 oppakt, op transport nei Westerbork set, en letter nei ferneatigingskamp Auschwitz-Birkenau. Gjinien fan harren oerlibbe de oarloch.
De pleatsing fan de sân stroffelstiennen wurdt organisearre troch erfgoedorganisaasje Smelne's Erfskip en basisskoallen De Meander, De Voorde en Sint Lukas. Earder ha bern fan dy skoallen gastlessen krigen oer de famylje Mirosch en de stroffelstiennen.
Wat binne stroffelstiennen?
It inisjatyf fan it lizzen fan stroffelstiennen komt fan de Dútske keunstner Gunter Demnig. Stroffelstiennen wurde benammen lein foar Joadske slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch, mar ek foar oare groepen dy't net weromkamen út de ferneatigingskampen.
Yn totaal lizze yn 30 Europeeske lannen mear as 100.000 stroffelstiennen foar slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch. Alles mei-inoar foarmje se it grutste oarlochsmonumint yn 'e iepen loft.
Der lizze op it stuit fyftjin stroffelstiennen yn Drachten foar Joadske slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch. Dy waarden lein yn 2016 en 2017.