HEA! Brêgewipper Bauke Postma fljocht hinne en wer
It boatsjeseizoen is krekt wer los, mei moaie dagen is it drok op it wetter. Brêgewipper Bauke Postma fljocht tusken Winsum en Easterlittens op en del om de brêgen iepen te dwaan.
Foarhinne die hy dat op syn fytske, mar sûnt hy ferhuze is, slagget dat net mear. Faak komme de telefoantsjes om de brêgen iepen te setten allegearre tagelyk, mar dat fynt hy allinnich mar leuk.
Bauke is sûnt sân jier brêgewipper en hat it bot nei it sin. Hy makket praatsjes mei de skippers, it is gesellich en as der neat te dwaan is, docht er in spultsje op syn telefoan.