Oarlochsfeteraan Jim Parks (100) is wer yn Fryslân foar fiering 80 jier frijheid
Oarlochsfeteraan Jim Parks (100) is oankommen yn Fryslân. Parks is de lêste noch libjende feteraan dy't yn april 1945 by de befrijing foar in grut part fan Fryslân wie.
Parks is op it stuit yn Dokkum. Dêr ferbliuwt er mei syn eigen famylje en de famylje fan feteranen dy't yntusken ferstoarn binne. Twa jier ferlyn ferstoar syn kammeraat Art Boon, dy't yn '45 ek by de befrijing wie.
Under begelieding fan twa weinen út de Twadde Wrâldoarloch kaam de bus mei Kanadeeske gasten tiisdei oan yn Dokkum. Parks waard opwachte mei muzyk fan de Cape Britain Highlanders of Friesland en troch boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân.
Parks sil de kommende tiid yn Fryslân by betinkingen en fieringen wêze. Op sneon 3 maaie docht er mei oan de Befrijingsrûte troch Noardeast-Fryslân.
Parks is de lêste Fryske befrijer dy't noch libbet. De feteraan út Ontario kaam 81 jier lyn op D-day oan op Juno Beach.
Hy wie yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdiel fan The Royal Winnipeg Rifles, ien fan de rezjiminten dy't yn 1945 by ûnder oare de befrijing fan Ljouwert wiene.