Hieltyd mear kattetrimsalons yn Fryslân, ek Poeke kin nei de kapper

Manda van der Zwaag nimt in kat ûnder hannen © eigen foto
Mei de hûn nei de trimsalon, dat is al in hiel gewoane saak. Mar de lêste jierren komme der ek yn Fryslân hieltyd mear kattetrimsalons. Manda van der Zwaag is sa 'n kattetrimster mei in salon yn Ljouwert. Sy helpt poeke fan klissen of ferfilte hier ôf.
Je soene tinke dat de measte katten harren eigen hier wol fersoargje kinne. Mar as in kat bygelyks siik is docht er dat minder goed. En in te grauwe kat kin net oeral mear goed by komme.
Yn sokke gefallen kin Manda útkomst biede. Mar ek langhierrige (ras)katten of gewoane hús-, tún- en keukenkatten komme by har op de behanneltafel.
Ek 'gewoane' húskatten kinne yn de trimsalon terjochte © Omrop Fryslan
Van der Zwaag (50) neamt harsels in echte kattegek. Sels hat se in tal Main Coone-katten, dêr't ien fan hiel sinnich mei it kjimmen is. As se wat mear witte wol oer hoe 't se syn hier fersoargje moat, komt se foar it earst yn kontakt mei in kattetrimster.

Karriêreswitch

Dy frou stiet lykwols op it punt te ferhúzjen nei Grinslân. It wurk liket Manda ek wol wat ta. "Sy sei: 'Stap der dan yn, want ik gean fuort'. En sa waard ik nei in fakoplieding kattetrimster en hie ik ek fuort klanten."
Nei 16 jier by ING wurke te hawwen en dêrnei 10 jier as juf yn it basisûnderwiis, hat Manda no sûnt oardel jier har eigen trimsalon yn Súderbuorren.
Ik nim alle tiid, sadat de kat him op syn gemak fielt, en lit him earst ek wat gewurde.
Kattetrimster Manda wol katten rêstich en stressfrij behannelje
De trimster wol yn har saak sa katfreonlik mooglik wurkje. Hûnen komme der bygelyks net yn, want de geur fan hûnen kin stress feroarsaakje.
In trimbeurt kin wol in oere duorje. "Ik nim alle tiid, sadat de kat him op syn gemak fielt, en lit him earst ek wat gewurde. Dan set ik him rêstich op 'e tafel en aai him in skoftsje."

Gjin twang

De measte katten binne earst bang, dy moatte troch Manda echt gerêst steld wurde. "Ik jou ek wol catnip of floeibere kattesnacks om se ôf te lieden. En dan begjin ik rêstich te kjimmen, earst op de moeilike plakken."
Mei wat lekkers kin de kat ôflieden wurde ûnder de behanneling © eigen foto
Allinnich as de klissen te fêst sitte of as it hier hielendal filtich wurden is komt it skearapparaat der oan te pas.
"It lestichste is it as in kat echt hielendal net wol. Ik wol it net mei twang dwaan. Dan ha je it hielendal bedoarn by de kat en wol er nea wer. En it giet tsjin myn fyzje oer kattewolwêzen yn."
Yn it uterste gefal kin Manda noch wat medisinen jaan sadat de kat rêstiger wurdt en makliker te kjimmen is.
De 'klanten' fan Manda geane meastentiids tefreden nei hûs ta © Omrop Fryslan
Mar de measte 'klanten' fan de trimster geane tefreden nei hûs ta. "Dan geane se nei de tiid op de grûn lizzen mei sa 'n útstrieling fan 'Dit fûn ik wol bêst', ek al wiene se earst wat skrutel", fertelt Manda.
"En dan moat de eigener se wer meinimme nei hûs ta yn sa 'n reiskuorke en dan wolle se der net mear yn. Dan tink ik: 'Dit wol ik!'"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.