Hingjeugd yn sintrum Snits soarget foar oerlêst: "Er is hier niets te doen"

Om it Schaapmarktplein hinne is in soad oerlêst © Omrop Fryslân
'Hangjeugd' terrorisearret it Schaapmarktplein yn Snits. Omwenners sprekke fan in soad oerlêst. De jeugd sels fynt dat it tafalt. Boppedat: wat moatte se oars? "Er is hier niets te doen."
Al skoften kleie ynwenners oer oerlêst troch jongeren yn Snits. De gemeente Súdwest-Fryslân wurket hurd oan it oanpakken fan de probleemjongeren. Mar wat is harren ferhaal?
Yung Frysk socht se op en hearde oer ferfeling, fjoerwurk en fjochtpartijen.

Yung Frysk

Yung Frysk is it taalpromoasjeprojekt fan Afûk en Omrop Fryslân. Studinten meitsje filmkes foar sosjale media mei as doel om jongelju entûsjast te meitsjen oer it Frysk.
Ferline jier wienen der al problemen yn de Snitser wyk Noorderhoek. Dêr rûn it geregeld út de klauwen: jongeren smieten ûnder oare mei swier fjoerwurk. De plysje hat ferskate kearen hurd optreden.
Plysje yn de wyk Noorderhoek nei de ûngeregeldheden fan ferline jier © BTB Media
Dy jeugd hinget no om yn it sintrum fan Snits of yn de bûtenwiken Lemmerweg-West, Tinga of Noorderhoek. Se ride wat om of hingje by bankjes. It leafst yn it sintrum, want dêr is it measte te dwaan.
It grutste part fan de hingjeugd yn it sintrum komt út Noorderhoek. Dat se no yn it sintrum omspane, hat in reden: "Het is hier binnen de gracht veel leuker." Mar as se fuortstjoerd wurde, sette se wer ôf nei Noorderhoek.

Fjochterij om fuotbal

Geregeld binne der fjochtpartijen. "Dat gaat dan om sc Heerenveen, of Groningen en Cambuur", seit ien fan de jonges. Hy is noch gjin 16 jier. "Ik kijk ernaar of ik doe mee."
Fjoerwurk, it swierdere soart, ha se ek by de hân. "Daar gooien we mee."
De jonge begrypt net dat omstanners it ferfelend fine. "Dan zeuren ze dat we door de stad scheuren, maar rijden we maar 15."
Het is heel irritant als ze met groepjes lopen te hangen.
Ien fan de omwenners
"In de avond voel ik mij niet heel erg fijn", seit in jonge frou dy't yn de buert wennet. "Ze zijn altijd met een hele grote groep. Ze gaan op fatbikes door de stad en schoppen herrie."
In man dy't ek yn de buert wennet befêstiget dat. "Het is heel irritant als ze met groepjes lopen te hangen. Dat is vervelend."
Yn de winter falt it neffens him ta. De oerlêst begjint as it wer waarmer wurdt.

'Stevige' oanpak

It gedrach fan de jongeren sit op it rantsje fan wat wol en net mei, neffens de jonge frou. In oplossing hat se net fuort foarhannen. Mear hanthavening soe goed helpe kinne, sizze beide omwenners.
Dit is ien fan de oerlêstlokaasjes yn Snits © Omrop Fryslân
Dat gebeurt ek. De gemeente Súdwest-Fryslân seit yn in reaksje oan te stjoeren op in stevige oanpak. In wurdfierder seit dat de gemeente net fuortsjen wol.
De plysje en hanthavening gripe yn by oerlêst, mei warskôgings en boeten. Guon jongeren ha in gebietsferbod krigen.
De jongeren wurdt ek geregeld frege om har ID-kaart sjen te litten. Op dy wize wurdt besocht de groep yn kaart te bringen.

Hurde oanpak falt min

Dy hurde oanpak falt min by de jongeren sels. "Ik snap dat niet", seit ien fan har. "We zijn nog kinderen. Het is een vrij land toch, laat ons."
Se wachtsje ek net alle kontrôles ôf: as se plysje sjogge, stowe se fuort.
Yn de gefallen wêryn't de plysje se wol te pakken kriget, wurdt kontrolearre op ID-kaart en yn it besit hawwen fan drugs. "Ze zijn gewoon racist", seit in jonge mei licht tinte hûdskleur. "Ze komen hier alleen omdat we met z'n allen zijn."
Ungeregeldheden ferline jier yn de wyk Noorderhoek © BTB media
Fine se dan sels net dat se foar oerlêst soargje? "Ik maak geen overlast", seit ien. "Ik merk er zelf niets van. Ze komen nooit om te vragen of het stiller kan."
De hanthavening komt wol del, fertelt er. "Laatst kreeg ik zomaar een boete van 110 euro."
Hy kin der noch lulk om wurde. Ek fan it feit dat Snitsers foto's fan de jonges meitsje en publisearje. "Ze zetten ons op internet. Zomaar."
Ik heb daar met zwaar vuurwerk gegooid.
De jeugd is net mear wolkom by in aktiviteitelokaasje
In oplossing tsjin de oerlêst is net maklik. De gemeente set yn op kontakt mei de jeugd en hanthavening troch de plysje, dêr is bygelyks jeugdwurk drok dwaande mei.

Jachtseizoen wie leuk

De jongeren sels wolle in plak om te 'chillen' of te gamen. Sa'n plak wie der wol (Poort 20), mar dêr binne se net mear wolkom. "Ik heb daar met zwaar vuurwerk gegooid, met nitraten", seit ien fan har.
Se fine it spitich, want as der in aktiviteit organisearre wurdt is dat faak leuk. Sa wie de jeugd bygelyks entûsjast oer Jachtseizoen: in spultsje wêrby't dielnimmers twa oeren lang besykje moatte om út de hannen te bliuwen fan harren achterfolgers. "Dat was echt heel leuk. Andere dingen die ze doen ook."
De oerlêst is noch lang net foarby yn Snits. Salang't der net in goed plak is foar de jeugd, hingje se op strjitte om. De plysje grypt dan wer yn en de sirkel is rûn.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.