Fan wrak nei wedstriidskip: it skûtsje Vrouwe Jantje sylt wer

De Vrouwe Jantje sylt foar it earst de haven fan Starum út © Omrop Fryslân
"We wensen het schip en de bemanning een behouden vaart!" Mei in knal spat de flesse sjampanje tsjin de romp fan skûtsje Vrouwe Jantje útinoar, folge troch in lûd jûchhei.
It folslein renovearre skûtsje is doopt, it feest oan board fan it skip yn de Spoorhaven fan Starum kin begjinne.
De eare fan it dopen is gund oan Theo Kuipers, in fan fan de earste oere. Salang't der oan it skûtsje wurke waard, hat hy alle wiken te sjen west by it grutte projekt.
"Ik tocht: wêr binne dy manlju oan begûn? It wie neat, allinne kop en kont sieten noch oan elkoar, en alles moast nij. Begjin der mar ris oan."
Vrouwe Jantje, krekt foar de doop © Omrop Fryslân
De fiif manlju dy't der yn jannewaris 2024 oan begjinne, binne Jilles Bandstra, Willem en Franke Atsma, Joop Boltjes en Hidde Mous.
Glunderjend steane se op it dek fan it skûtsje de lokwinsken en presintsjes yn ûntfangst te nimmen.

Hurd wurke

Mear as in jier hawwe se bikkelhurd oan it skûtsje wurke yn in loads yn Bakhuzen.
Fjouwer jûnen yn 'e wike en alle sneonen waard der laske, skjirre, slipe en timmere oan it skip, dat as in wrak oankocht waard.

Skûtsje Vrouwe Jantje

It skûtsje Vrouwe Jantje is boud yn 1914 troch skipswerf Kuiper yn Reahel. It hat foar it lêst syld yn de jierren 30. Dêrnei tsjinne it skip as wenark yn Amsterdam.
It waard kocht troch de bruorren Los út Ljouwert, dy't it nei harren werf yn Ljouwert hellen. Doe't de werf yn 2017 fallyt gie, waard der beslach lein op it skûtsje.
De Vrouwe Jantje kaam yn Boalsert te lizzen. Yn 2023 kochten Jilles Bandstra en syn maten it.
Skipper Jilles Bandstra sjocht tefreden nei it einresultaat.
Nei't it skûtsje yn febrewaris wer yn it wetter kaam, moast der noch wol it ien en oar barre.
"We hawwe der dochs noch wol wer alle jûnen mei dwaande west. Even dit, even dat, bliuwst dwaande. Mar ik bin supergrutsk, op de manlju, op de stipe, de sponsoaren en elkenien dy't holpen hat, echt geweldich."
Franke, Willem, Joop, Jilles en Hidde © Omrop Fryslân
It yntinsive gearwurkjen in jier lang hat gjin wiksel lutsen op de freonskip tusken de fiif maten.
"It skip leit der moai by", seit Willem Atsma. "En we kinne inoar de hân noch jaan."
Syn broer Franke follet oan. "We binne in haadstik fierder, we kinne sile." En mei in grutte knypeach: "En nei de feesten, it belangrykste. It silen is bysaak."
Mei prachtich waar sylt de Vrouwe Jantje de Iselmar op © Omrop Fryslân
It is skitterjend waar as de Vrouwe Jantje op sneon 12 april mei de folsleine bemanning foar it earst de haven fan Starum út sylt. De sinne skynt oer de Iselmar en de seilen steane bol.
Jilles genietet achter it helmhout. "Machtich no? Dit is echt fantastysk."
"Ik hie foar it silen sels gjin senuwen, mar wol om alles in bytsje foarinoar te krijen. No stiet alles, geweldich."
Jilles Bandstra by it helmhout © Omrop Fryslân
De oare manlju binne wat nochterder. "Ik fynt wol moai", seit Franke. "Mar gjin pikefel, we moatte earst in kear in wedstriid winne, dêr giet it om."
Willem fynt dat ek. "Ik tink dast dat earder hast ast ris in earste pryske pakst of sa."

Wer ûnder seil

Ien fan de opstappers op de testfeart is Gerard Boltjes, de heit fan Joop. Yn de loads fan syn strielerij yn Bakhuzen hawwe de fiif manlju harren meunsterput útfierd.
"Geweldich hoe 't dy jonges oan 'e gong west hawwe, ik ha der dik respekt foar. En no it skûtsje nei mear as 90 jier wer ûnder seil, fantastysk!"
Bliuwst se by of hellest se yn? Ast allinne sylst, giest altyd hurd.
Skipper Jilles Bandstra wit noch net oft de Vrouwe Jantje hurder kin as oare skûtsjes
Nettsjinsteande dat de fiif manlju allegearre in like grut oandiel yn it skip hawwe, is de rolferdieling oan board dúdlik.
"Op it skûtsje binne wy bemanning, der is mar ien skipper", seit fokkenist Joop Boltjes.
De bemanning yn it spier by de earste syltocht © Omrop Fryslân
De ferwachtings fan it nije skûtsje binne heech, it skip hat al de bynamme 'de Raket'.
Skipper Jilles wol no earst foaral sjen hoe 't it giet wannear 't se tagelyk mei oare skûtsjes sile.
"Bliuwst se by of hellest se yn? Dan kinst dy in bytsje mjitte, en noch wat bystelle. Ast allinne sylst, giest altyd hurd."

Lemmer Ahoy

De earste echte krêftmjitting mei oare skûtsjes sil ein maaie by Lemmer Ahoy wêze. In wedstriid dêr 't IFKS likegoed as SKS-skûtsjes oan meidogge.
Foar Franke hat de testfeart lang genôch duorre. "Aanst de seilen del en oan 't bier. Oars slyt it seil tefolle as we te lang sile."
En mei in dikke glim: "Dat soe skande wêze, dat moatte we net hawwe, no?"
Sjoch hjir de reportaazje fan HEA! oer de doop en de earste syltocht fan Vrouwe Jantje:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.