Grande dame fan it teäter spilet yn Nij Beets: in kâns foar Renée Soutendijk
Mei it charterjen fan aktrise Renée Soutendijk is de cast fan de foarstelling 'De Revolutie van de Rinsema's' folslein. It stik giet oer de skuonmakkers Rinsema fan Drachten.
Regisseur Geert Lageveen is optein oer de komst fan Soutendijk. Hy hie it net ferwachte.
"Ik tocht: wol dy hjir wol yn it sân stean? Yn juny? It sil fêst hiel moai waar wurde, mar we witte it net. En it is fier fan Amsterdam. We hawwe in petear hân en Renée sei: ja."
Kâns foar lokaasjeteäter
De 67-jierrige Soutendijk is in teäterfedette mei al in soad produksjes op har namme, mar seach dit as in kâns. De foarstelling wurdt spile by in sânôfgraving by Nij Beets.
"Ik houd van locatietheater, maar heb het nog nooit gedaan. Nu ik deze kans krijg, moet ik ervoor gaan."
'De Revolutie van de Rinsema's' is it lêste diel fan it trijelûk oan foarstellingen dat yn it kulturele haadstêdjier úteinset is. Orkater en De Lawei wurkje hjiryn gear.
Trijelûk
De earste wie 'Lost in the Greenhouse', dat yn 2018 spile waard yn de kassen fan Seisbierrum. De twadde wie 'Het verdriet van de Zuiderzee' dat yn 2022 te sjen wie oan de Iselmarkust.
It lêste stik giet oer de bruorren Rinsema: skuonmakkers én keunstners, bekend fan it dadaïsme. Dat is de keunststreaming dêr't Drachten ferneamd om wurden is.
Dadaïsme
It dadaïsme is in keunststreaming dy't ûntstie as reaksje op de ferskrikkings fan de Earste Wrâldoarloch. De keunst bestie út eksperimintele mingfoarms fan byldzjende keunst, poëzy, teäter en grafyske foarmjouwing.
Bekende Nederlânske nammen dy't ûnder de streaming falle, binne Piet Mondriaan, Bart van der Leck en Gerrit Rietveld.
It is ek in aktivistyske streaming dy't him ferset tsjin de hearskjende wearden en noarms.
"It giet net allinnich oer keunst, mar miskien wol mear oer revolúsje", fertelt regisseur en ek skriuwer fan it stik Geert Lageveen. Mar net in revolúsje fan de roppers en razers.
"De bruorren wiene sêftmoedich en tochten goed nei oer alles. Sy woene in revolúsje dy't folle mear giet oer empaty en net allinnich mar oer fjoer, geweld en in grutte bek."
Dat kinne we yn tiden fan polarisaasje goed brûke, fynt Lageveen.
"De bruorren wiene in brêge tusken stêd en plattelân, man en frou, wyt en swart en tusken teoretysk en praktyske oplate minsken."
Ik houd van eigenzinnige types, mensen die ergens voor gaan en ergens voor staan. En die ook iets willen veranderen.
"Ik houd van eigenzinnige types, mensen die ergens voor gaan en ergens voor staan. En die ook iets willen veranderen", seit Soutendijk.
Sy fielt har bot ferbûn mei it persoanaazje dat se spilet: Jeanne Bierema Oosting, in frou fan adel mei in passy foar tekenjen en skilderjen.
It wurdt har as frou yn dy tiid net maklik makke om har dream efternei te gean. Mar mei help fan de bruorren Rinsema slagget dat dochs.
Soutendijk sjocht in soad út dizze rol werom yn har eigen libben.
"Ik ben al zo lang actrice en ik heb nooit spijt gehad van deze keuze. Ik vind het een eer dat ik dit mag doen."
Op ferkenning yn Nij Beets
Fan juny ôf sil it stik te sjen wêze by Nij Beets. Soutendijk hat der in soad nocht oan en net allinnich oan it spyljen.
"Ik ga er tijd voor uittrekken om de buurt en Friesland te gaan verkennen. Als ik 's avonds speel heb ik overdag de tijd om lekker rond te kijken."