Wurksumheden oan Westersingel yn Ljouwert hawwe ympakt op minsk én bist

Wurksumens oan de Westersingel © Omrop Fryslân
No kinst noch oer de Westersingel en Pier Panderstraat ride, mar oer trije wiken giet de dyk foar de rest fan it jier ticht. It gebiet yn Ljouwert ûndergiet in metamorfoaze.
De fuotgonger en fytser krije folle mear de romte yn it gebiet. It fytspaad en de stoepe wurde breder en de rydbaan smeller. Boppedat giet de tastiene snelheid op de dyk fan 50 kilometer de oere nei 30.

Mikro-rotondes

"Der komme hjir in soad bussen del, mar ek fytsers en auto's. Dat giet net altyd like goed gear", fertelt wethâlder Evert Stellingwerf. Op de krúspunten mei de Molenstraat en de Fonteinstraat komme mikro-rotondes om de snelheid fan auto's omleech te bringen, mei dêryn sebrapaden.
De kade krijt in kuierpaad en wurdt griener. Mei beammen oan beide kanten fan de strjitte komt de singelstruktuer werom.
Sa komt de Westersingel derút te sjen © Gemeente Ljouwert
De werynrjochting fan de Westersingel wie ek oanlieding om nei de kades te sjen. "Wy ûndersochten hoelang't dy noch mei kinne. Doe seagen wy dochs dat twa stikken ferfongen wurde moatte."
Der stean houten peallen ûnder de kade, dy binne oantaaste troch in baktearje. "Dy houten peallen sitte der al minstens 100 jier ûnder en gean ek alwer lang mei."
Piet Zijlstra wennet oan de Westersingel, mar no even oan de Westerkade © Omrop Fryslân
Dat betsjut dat de skipbewenners oan de Westersingel de kommende moannen in oar plakje hawwe. Sy binne ferspraat oer de binnenstêd.

Op de fyts nei de brievebus

Piet Zijlstra lei earst oan de Westersingel op 'e hichte fan de Fonteinstraat. No leit er yn de bocht fan de Westerkade nei de Willemskade. "Het was even passen en meten, maar het is goed verdeeld allemaal", fertelt hy. "Ik heb dezelfde buren nu weer, maar dan op een ander adres."
De brievebus stiet der noch, mar Piet Zijlstra syn skip leit no oan de oare kant © Omrop Fryslân
Guon skippen gean yn de simmer te farren, dus dy hoegden gjin nij plakje. Dat skeelt. Foar syn brievebus moat Zijlstra wol in eintsje om. "Die staat aan de overkant nog, dus daar moet ik op het fietsje naartoe."

"Het was een racebaan"

Zijlstra hat it derfoar oer. "Ik denk dat het voor iedereen een stukje beter wordt en daarom werken we graag mee." Hy is bliid dat it tempo op de Westersingel omleech giet. "Het was een racebaan. En in de bochten was het soms lastig te zien, het oversteken was daardoor soms een groot probleem."
Willem Elsinga is fan it Vossenpark nei de Snekerkade ferhûze, in pear hûndert meter. "Onder het carillon, daar moet je even aan wennen, maar voor de rest is het een prima plek."
Ek hy sjocht út nei in rêstiger dyk foar de doar aanst. "Daar zijn we wel blij mee. Het verkeer wordt wat rustiger, het wordt groener, het wordt wel een verbetering.
Net allinnich de minsk sjocht syn wenplak feroarjen. Der binne nammentlik 42 beammen kapt, dy't ûnderdiel wiene fan it leefgebiet fan flearmûzen. Dêrfoar binne skermen pleatst, sadat de bisten har noch wol oriïntearje kinne.
En der komme 49 nije ipen werom. Dy moatte better groeie op it plak as de beammen dy't der al stiene.
Mear beammen dus, mar minder parkearplak oan de Westersingel. Dy gean fan 65 nei 47 en meitsje plak foar mear grien.
De dyk giet yn fazen ticht. Yn it grien de omliedingsrûte foar autoferkear © Omrop Fryslân
It wurk oan de kade is al yn folle gong, mar yn maaie begjinne de wurksumens oan de dyk sels. Dan wurde de Westersingel en Pier Panderstraat yn fazen ôfsletten.
Autoferkear moat omride fia de Heliconweg, de bussen gean as fan âlds wer fia it Ruterskertier. Fytsers kinne troch de wyk harren paad fine.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.