Seizoen fan de Alvestêdetochten begjint: sa kinst de 200 kilometer ôflizze

Dielnimmers oan de stepalvestêdetocht © Bolswarder Stepvereniging
It seizoen fan de Alvestêdetochten komt der wer oan, mei as meast ferneamde de Fyts- en Motoralvestêdetocht. Njonken dizze grutte eveneminten binne der noch op syn minst tsien oare farianten fan de Alvestêdetocht.
Wy sochten út op hokker ferfiermiddel of oare kreative wize de tochten organisearre wurde. En wannear'tst dus trekkers, âlde Porsches of steppers by dy foar it hûs del ferwachtsje kinst.

Fytse op Pinkstermoandei

Nei de earste offisjele Alvestêdetocht op it iis yn 1909, duorre it net lang foardat de Fytsalvestêdetocht oprjochte waard.
Yn 1912 wie de earste edysje. Doe wie it noch net alle jierren, mar sûnt 1947 is it in jierliks evenemint op Pinkstermoandei. Allinnich tongblier en corona sieten it evenemint oait dwers.
De rûte is krekt wat langer as by it reedriden: de tocht by de alve stêden del is sa'n 235 kilometer lang. Dit jier is de 88e edysje en mei 15.000 dielnimmers wienen alle startbewizen wer samar de doar út.
De Fytsalvestêdetocht is alle jierren op Pinkstermoandei. Dat is dit jier op 9 juny.

Motor, trike of sels de soleks

Tagelyk mei de Fytsalvestêdetocht ride ek sa'n 3.500 motorriders de Motoralvestêdetocht.
Mei in rûte fan 240 kilometer is dizze tocht bysûnder troch de dielnimming fan net allinnich motoaren, mar ek trikes, soleksen en oare bysûndere auto's.
© Omrop Fryslân
© Omrop Fryslân
© Omrop Fryslân
© Omrop Fryslân
It wurdt dit jier de 88e edysje fan de Motoralvestêdetocht.
De Motoralvestêdetocht is dit jier dus ek op 9 juny.

Mei 'nije' oldtimers

Oare bysûndere auto's dy't in Alvestêdetocht ride binne oldtimers. Dit jier is it al de 37e kear dat sa'n 600 oldtimers yn aksje komme.
Der is ek in primeur dit jier: foar it earst kinne fyftich auto's en motoaren út de boujierren 1950 oant en mei 1955 meiride. Earder wie it evenemint allinnich foar auto's en motoaren oant en mei it boujier 1949.
De Elfsteden Oldtimer Rally is dit jier op sneon 31 maaie.

Ikoanyske Porsches

De oldtimers binne net de iennige bysûndere auto's dy harren eigen Alvestêdetocht hawwe.
Sûnt 2007 is der ek in tocht spesjaal foar Porsche-leafhawwers en spesifyk foar de besitters fan de ikoanyske Porsche 911.
Elk jier dogge der sa'n 140 oant 180 Porsches mei oan dizze tocht fan goed 200 kilometer.
De 911Stedentocht is dit jier op freed 23 maaie.

Tûzen roeiers

Net allinnich op 'e dyk wurde ferskate tochten organisearre, ek fan ôf it wetter wurde de alve stêden ôfstreke. Bygelyks mei de roeiboat.
Dy tocht oer sa'n 210 kilometer wurdt organisearre troch de Ljouwerter roeiferiening Wetterwille.
Start fan de roeimaraton yn de Prinsetún © Erik Krikke
Elk jier dogge der sa'n 100 binnen- en bûtenlânske ploegen mei oan dizze tocht. Dat komt del op goed tûzen dielnimmers.
De ploegen begjinne de tocht yn de Prinsetún yn Ljouwert en lizze de maraton yn estafettefoarm ôf. Om in nij rekôr te heljen moatte sy flink harren best dwaan, it parkoersrekôr stiet al sûnt 2019 op krekt wat mear as 16 oeren.
De Elfsteden Roeimarathon is dit jier op freed 30 en sneon 31 maaie.

Suppe: non-stop of yn etappes

Net allinnich yn in roeiboat, mar ek op in sup kinst in tocht fan 220 kilometer by de alve stêden del ôflizze.
Dit jier wurd de 17e edysje organisearre mei twa ferskillende farianten: non-stop en yn fiif dagen.
De Supalvestêdetocht troch de grêften fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
By de non-stopfariant giest yn twa dagen konstant troch, mei út en troch in lyts skoft. By it oare evenemint hast it fiif dagen lang oan tiid om de tocht ôf te lizzen.
Alle jierren dogge der mear as 100 minsken út ferskate lannen mei oan de Supalvestêdetocht.
De Sup11Citytour is non-stop op 6 en 7 septimber. In wike letter, fan 10 oant en mei 14 septimber, is de fariant oer fiif dagen.

Sile mei tûkelteammen

Sûnt 2013 is der ek in Sylâlvestêdetocht fan 200 kilometer. Net allinnich de ôfstân is in útdaging, mar ek de 185 obstakels ûnderweis yn de foarm fan bygelyks brêgen en slûzen.
Op it stuit hat de organisaasje fjouwer oanmeldingen foar de edysje fan dit jier, dat giet om studintesylferieningen lykas dy fan Bernlef. It is it heechste dielnimmertal sûnt 2021. Ferline jier wie it team fan Bernlef de iennige dielnimmer, sy dienen der goed 52 oeren oer.
It fluchste team wie Hoppathee yn 2021, doe't se de tocht ôfleinen yn 48 en in heal oere.
De Sylalvestêdetocht is dit jier yn it wykein fan 20 oant en mei 22 juny.

Alvestêdetocht mei in solarboat

Ien fan de nijste farianten fan de Alvestêdetocht is mei in solarboat. Yn 2022 wie de earste edysje, en omdat it alle trije jier holden wurdt, is it dit jier pas de twadde kear.

Estafette Loop Alvestêdetocht

Ast de tocht net yn dyn ientsje rinne wolst en leaver draafst, is der ek de Estafette Loop Elfstedentocht. Hjir kinst mei in team fan seis oant tolve dielnimmers yn estafettefoarm 227 kilometer hurdrinne yn 24 oeren.
Dizze tocht wurdt net alle jierren hâlden, ek dit jier net. De resintste Estafette Loop Elfstedentocht wie foarich jier, yn 2024.
De offisjele namme fan it evenemint is de Ultimate Solar Boat Challenge. De tocht by de alve stêden del wurdt ôflein yn fiif etappes: Ljouwert-Sleat, Sleat-Warkum, Warkum-Frjentsjer, Frjentsjer-Dokkum en Dokkum-Ljouwert.
Etappes 1 en 2 binne yn it wykein fan 22-24 maaie, etappes 3, 4 en 5 yn it wykein fan 4-7 juny.

Kuierje by alve of acht stêden del

De tocht dy't miskien wol it langste duorret, is de Kuieralvestêdetocht. De earste edysje wie al yn 1944. Dielnimmers hawwe fiif dagen de tiid om de 208 kilometer ôf te lizzen.
Foar wa't wol kuierje wol, mar net sa fier, binne der koartere farianten. Sa is dit jier de earste edysje fan de 'acht fan alve': kuierders slagge dêrby Drylts, Hylpen en Harns oer. Sa bliuwt der in tocht fan ûngefear 130 kilometer oer.
De Kuieralvestêdetocht is dit jier fan 27 oant en mei 31 maaie. De 'acht fan alve' is op deselde dagen.

Stepalvestêdetocht

Ien fan de farianten dy't hurd oan populariteit wint, is de Tocht op de step. Der wolle dit jier sels safolle minsken oan meidwaan, dat de organisaasje de finish fanneed ferpleatst hat.
Earder wie de einstreek altyd op de Bargefenne yn Boalsert, mar dit jier binne de lêste meters op Plein 1455.
Finish fan de Alvestêdetocht op de step © Rudy Bouma - Frieslandactueel.nl
De earste kear dat in groepke fanatike steppers by de alve stêden del gie, wie yn 1985. Doe wienen der noch mar trettjin dielnimmers. Dit jier binne der 450 minsken dy't 230 kilometer steppe sille. Dat duorret meastal tusken de 16 en 17 oeren.
De Stepalvestêdetocht is dit jier op 7 en 8 juny.

Skeelerje út Bantegea wei

It startplak fan de Skeeleralvestêdetocht is net yn ien fan de alve stêden, mar yn Bantegea. Fan dêrút giet it peloton om 6.00 oere nei Sleat ta. De trochsneed snelheid leit tusken de 20 en 22 kilometer yn 'e oere. Sadwaande is de finish om ûngefear 19.00 oere wer yn Bantegea.
De tocht wurdt eltse twa jier organisearre troch iisklup de Polder. Dit jier wurdt it de trettjinde edysje.
De Skeeleralvestêdetocht is dit jier op 30 augustus.

300 trekkers yn acht groepen

Ast oan de rûte wennest, dan krijst heal juny in hiele kolonne oan trekkers foar dyn hûs del. Yn totaal dogge der dit jier goed 300 trekkers mei. Dy ride yn acht groepen, mei elk in kertier dertusken, om it oare ferkear op de dyk net te folle lêst te besoargjen.
De trekkers dy't meidogge, moatte wol boud wurde yn 1980 of earder. En alle trekkers moatte op syn minst 18 kilometer yn 'e oere ride.
Wa't meidwaan wol en him net oanmeld hat, moat wachtsje oant oar jier: de tocht foar dit jier sit fol. Taskôgers binne altyd wolkom, seit de organisaasje.
De Tocht is ferdield oer twa dagen: op 13 juny lizze de trekkers it súdlike part fan de rûte ôf, op 14 juny it noardlike part. De start is beide dagen yn Ingelum.

De Onbeperkte Elfstedentocht

Foar minsken mei in beheining en/of in groanyske oandwaning is bewege somtiden dreech, mar op in kreative manier witte in soad minsken dochs in Alvestêdetocht ôf te lizzen.
Alles kin by de Onbeperkte Elfstedentocht: kuierje, mei in rolstoel, de handbike of de scootmobyl.
Onbeperkte Elfstedentocht © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Ek de ôfstân kinst sels kieze. Guon dogge de folsleine rûte yn fiif dagen. Oaren lizze tsien meter ôf. It meast wichtige is om dyn eigen doel nei te stribjen en as winner te finishen.
De Onbeperkte Elfstedentocht hat plak tusken 10 en 14 septimber.

MTB (mountainbike) Alvestêdetocht

Gjin ûneinich lange fytspaden by it wetter del, mar âlde tsjerkepaden, bosken en seediken. De MTB Alvestêdtocht docht it krekt wat oars as oars.
Fanút Boalsert fytst twa dagen. De earste dei dochst de noardlike lus, de oare dei giest nei it suden ta.
De etappes binne op 23 en 24 augustus. De earste is 195 kilometer, de twadde 140.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.