Werstel greidefûgelpopulaasje by boer freget om swierdere maatregels

Ljippen jaaie achter elkoar oan yn it begjin fan de briedperioade © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It mei yngripende maatregels geskikt meitsjen fan greiden en ikkers foar fûgels helpt, mar dit soarte fan swier behear wurdt noch te min dien om de weromgong fan it tal greidefûgels te kearen.
Dat docht bliken út in evaluaasje fan it agrarysk natuerbehear yn Nederlân troch Wageningen Universiteit.
In foarm fan populêr behear wêrmei je it net rêde is bygelyks it allinnich beskermjen fan nêsten mei aaien. Hoe dan ek hat de ynset op it oerlibjen fan piken it rapste effekt, sa die koartlyn bliken.
In kombinaasje fan útsteld meanen, krûderike greide en plas dras gebieten docht mear, mar it komt wol krekt en it wurket it bêste at je dat mei elkoar dogge.
In giel boumantsje dy't je ûnder oare yn ikkerbou gebieten fine © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It is net sa dat it beskermjen fan nêsten hielendal net helpt, mar it oandiel swier behear mei gruttere gefolgen foar de bedriuwsfiering is no te leech.
De ynset fan boeren en frijwilligers hat der wol foar soarge dat it oantal greidefûgels minder hurd daalt is.
Yn it rapport stiet dat oer it algemien 41 prosint fan de iepen greiden swier beheard wurde moat. No is dat noch tweintich prosint.
It makket ek noch út nei hokfoar je sjogge. Foar de skries moat 49 prosint fan de greiden swier beheard wurde.

Goeie nijs

It goeie nijs is dat der fan takom jier ôf fiifhûndert miljoen euro ekstra is foar agrarysk natuerbehear.
De provinsjes wolle mei de agraryske natuerferienings ek ekstra ynsette op dat swierdere behear. It is lykwols oan de boer om dêr ja of nee tsjin te sizzen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.