Brúnfisk yn de Waadsee ferdronken by it pleatsen fan stjoerderkes

In brúnfisk (net de brúnfisk dy't by it pleatsen fan de stjoerders ferdronken is) © SOSDolfijn
By it pleatsen fan stjoerderkes by brúnfisken yn de Waadsee is ien fan de bisten deagien. It sûchdier siet yn in net en is ferdronken, meldt de universiteit fan Wageningen (WUR).
It projektteam hie al in stjoerder pleatst by in folwoeksen froutsje, doe't it in twadde brúnfisk fan in stjoerder foarsjen woe. De ûndersikers fongen in lytsere brúnfisk dy't lykwols stress like te hawwen en lieten dy wer frij. Yn it net siet noch in froulike brúnfisk, dy't ferdronk. Brúnfisken kinne net lang ûnder wetter bliuwe.

Stopset

It oanbringen fan de stjoerders is fuortendaliks stopset en de deade brúnfisk is nei de fakulteit Diergeneeskunde fan Universiteit Utrecht brocht foar mear ûndersyk. Ek lit de WUR witte dat der in wiidweidige evaluaasje folget oer hoe't dit barre koe.
Pas dêrnei wurdt besletten hoe't it fierder giet mei it ûndersyk, dat foar in part yn opdracht is fan it ministearje fan Lânbou, Fiskerij, Fiedselwissens en Natuer. SOS Dolfijn wol dat it ûndersyk definityf stopset wurdt, meldt NH Nieuws.

Beskerme

Brúnfisken binne in beskerme bistesoarte. Troch it oanbringen fan de stjoerderkes hoopje de ûndersikers mear te witten te kommen oer it libbensgebiet fan de bisten yn benammen de Noardsee.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.