Schokker tydlik boargemaster fan Tytsjerksteradiel

Tineke Schokker © ANP
Tineke Schokker is fan tiisdei ôf waarnimmend boargemaster yn Tytsjerksteradiel. Se is de tydlike opfolger fan Jeroen Gebben, dy't direkteur wurden is fan Veiligheidsregio Fryslân.
Schokker (72) wennet sels ek yn Tytsjerksteradiel, nammentlik yn Eastermar.
Begjin dizze iuw wie Schokker acht jier lang Steatelid foar it CDA. Dêrnei wie se acht jier lang deputearre.
Nei har tiid yn de provinsjale polityk waard se boargemaster op Flylân. Dat hat se seis jier dien. Se wie ûnder oare yn de tiid fan de kontenerramp mei de MSC Zoe boargemaster op it Waadeilân.
De ried fan Tytsjerksteradiel sil no oan de slach mei in profylskets foar in nije kroanbeneamde boargemaster. De ferwachting is dat der begjin 2026 in nije boargemaster is.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.