HEA! Silvia helpt minsken noflik de nacht troch

De piper yn de wurkromte fan Silvia Hoogeveen giet ôf. De ferpleechkundige lûkt har plestik mofkes oan en giet nei de keamer dêr't de melding wei komt. It is alve oere jûns, de nachttsjinst is begûn.
Hoogeveen wurket yn in wenfoarm foar minsken mei net-oanberne harsenletsel, bygelyks troch in spiersykte, in harsenblieding of in ûngelok. Silvia har wurk bestiet derút harren goed troch de nacht te helpen en safolle mooglik komfort te bieden.
Guon lizze oan de beäzeming en dêrby moat de flibe fuortsûge wurde. Oaren moatte ferlein wurde, omdat se dat sels net kinne of de kessens moatte even opskodde wurde.
Foar Silvia is de nacht in hearlike tiid om te wurkjen. "De sfear is oars en de minsken binne oars, relaxter. En ik ha ek hielendal gjin muoite mei it dei- en nachtritme."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.