Wettertaksys farre noch hieltyd te hurd yn it tsjuster: "Waddenzee is nu een wildwest"

Ien fan de boaten dy't ynset wurdt as wettertaksy © ANP
Wettertaksys op de Waadsee farre noch hieltyd te hurd yn it tsjuster. Tusken septimber en desimber binne binne boaten hast 230 kear oer de maksimumsnelheid hinne gien yn de nacht. Dat docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân.
De oanlieding foar it ûndersyk is it fatale ûngelok tusken wettertaksy Stormloper en snelboat Tiger yn 2022, wêrby't beide skippen te hurd fearen.
Fan septimber oant en mei desimber ferline jier ha sân wettertaksys yn alle gefallen 228 kear hurder fearn as tastien, neffens gegevens fan MarineTraffic. In jier lyn binne de taksys yn dyselde perioade 155 kear oer de tastiene snelheid hinne gien. Dat is in groei fan 50 prosint.

Oer dit ûndersyk

Omrop Fryslân hat gegevens fan MarineTraffic analysearre. Dizze webside jout streekrjochte skipsynformaasje en lit bewegingen fan skippen sjen op see en yn havens oer de hiele wrâld. Sy dogge dit mei gebrûk fan AIS (Automatisch Identificatie Systeem).
Binnen it ûndersyk is yn totaal sjoen nei njoggen wettertaksys dy't nei de Fryske Waadeilannen farre. Fan twa dêrfan wie lykwols gjin data beskikber.
Wettertaksys binne koarter as 20 meter en dêrom binne se net ferplichte om AIS oan board te hawwen of it apparaat oan te setten as se farre. Dat beheint de data dy't Omrop Fryslân analysearre. Allinnich it hurder farren wylst de AIS oanstie, is fêstlein.
Neffens MarineTraffic komme harren gegevens direkt fan de rapportearre snelheden fan de skippen sels en wurde dêrom troch it platfoarm as 'nauwkeurig' beskôge.
Yn it tsjuster meie wettertaksys net hurder farre as 20 kilometer yn 'e oere. De feartsjinsten meie wol hurder farre yn it tsjuster, as se binnen de fargeul bliuwe. Oerdei hawwe se gjin maksimumsnelheid dêr't se harren oan hâlde moatte.

Soarchlik

In wurdfierder fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat neamt de resultaten fan it ûndersyk soarchlik.
"We nemen de nautische veiligheid op de Waddenzee zeer serieus. De watertaxiondernemers geven in onze overleggen met hen aan dat ook te doen. We zullen dit daarom ter sprake brengen in onze overleggen met hen."
De wettertaksybedriuwen fine dat it ûndersyk sjen lit dat der noch altyd in grut en oanhâldend ferlet is fan 24-oers berikberens fan en nei de Waadeilannen. Yn in skriftlike reaksje litte sy mei inoar witte:
"Een vlotte overtocht naar de Waddeneilanden wordt al 35 jaar verzorgd door een beperkt aantal professionele bedrijven, die met gecertificeerde beroepsschepen en beroepsbemanning deze diensten naast hun corebusiness (kunnen) aanbieden."
Mei profesjonele skippen en sertifisearre bemanning kin der neffens de wettertaksyûndernimmers feilich fearn wurde by hegere snelheden.

Lytse fearpont

De ûndernimmers binne al in skoft mei it ministearje yn petear om ynfolling te jaan oan de moasje fan Keamerlid Cor Pierik fan de BBB. Hy wol de berikberens fan de eilannen ferbetterje troch wettertaksys oan te wizen as lytse fearpont.
In wetlik erkende lytse fearpont hat mear romte om ôf te wiken fan de snelheidseasken, bygelyks yn de nacht, as dat nedich is foar in feilige mar ek fluggere en dus effisjinte oerstek.
"We betreuren het ten zeerste dat dit zo lang moet duren", sizze de wettertaksybedriuwen oer it útbliuwen fan in beslút.
In wettertaksy by Skylge © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Dirk Spoor, direkteur fan Rederij Doeksen, begrypt de frustraasje fan de ûndernimmers dat der yn de wet- en regeljouwing noch gjin dúdlike posysje foar wettertaksys leit. Hy sjocht yn de praktyk dat der ferlet is fan ferfier op it Waad, ek yn de nachtlike oeren.
De rederij hat nei it deadlike boatûngelok fan 2022 de kar makke om mei de waadtaksy Zeehond net mear yn it tsjuster te farren, op ien útsûndering nei: de ôffeart fan 08.30 oere.
"De tiid fan 08.30 is yn oerlis tusken skoallen, ûndernimmers en gemeenten ta stân kaam", seit Spoor. De wettertaksyregeling tusken Flylân en Skylge is ea ûntstien foar skoalbern, mar alle ôffearten fan de waadtaksy binne te boeken foar eltsenien.
"Alle belutsenen hawwe ús frege om in tsjinstregeling te farren dy't om 08.30 oere fuortgiet fan Flylân nei Skylge. Dêrtroch farre we in oantal wiken yn it jier it earste stikje dus foar sinne-opkomst."
In boat is net in auto en de see is net in dyk.
Dirk Spoor, direkteur fan Rederij Doeksen
De Zeehond fart dus yn de wintermoannen, sa as desimber, in skoft yn it tsjuster. De rederij hâldt him dêrby oan de maksimumsnelheid fan 20 kilometer yn 'e oere, seit Spoor. Mar 1 km/o te hurd farre is net altyd foar te kommen.
"In boat is net in auto en de see is net in dyk. Je hawwe golven en tij, dus it wurket wat oars as oan de wâl", seit Spoor.
Spoor jout oan dat de rederij fia MarineTraffic syn eigen skippen 'steekproefsgewijs' yn 'e gaten hâldt, mar seit dêrby dat de snelheden fia it platfoarm net hielendal te fertrouwen binne, om't der in ôfwiking sitte kin tusken de werjûne en de echte snelheid.

Hanthavening leit ferantwurdlikheid del by skippers

Omrop Fryslân hat sawol Rykswettersteat as de plysje konfrontearre mei de resultaten fan it ûndersyk, mei de fraach: wat kinne jim better dwaan as it giet om de hanthavening?
De wettertaksy fan Doeksen, mei Skylge op de eftergrûn © Omroep Zilt
Rykswettersteat wol der net ynhâldlik op yngean en jout oan dat "er een grote verantwoordelijkheid bij schippers zelf ligt om zich aan de regels te houden en gevaarlijke situaties te voorkomen".
In wurdfierder fan de plysje jout oan dat der ekstra omtinken is foar de feilichheid op de Waadsee nei oanlieding fan it ûngelok in pear jier lyn.
"Zo is er in het najaar van 2024 een gezamenlijke handhavingsactie opgezet met Rijkswaterstaat gericht op watertaxi's. Tijdens deze actie zijn geen snelheidsovertredingen vastgesteld."

Rjochtsaak deadlik boatûngelok

De rjochtbank yn Ljouwert behannelet op 8 en 9 july de saak fan it deadlike boatûngelok op 21 oktober 2022 by Skylge. By de oanfarring tusken in wettertaksy en in snelboat kamen fjouwer minsken om it libben.
Neffens it Iepenbier Ministearje is der net genôch kommunisearre tusken de skippers en hawwe se harren net hâlden oan de jildende farrregels.
De twa skippers, in man fan Harns en in man fan Skylge, steane terjochte foar dea troch skuld, it tabringen fan swier lichaamlik letsel troch skuld, en it sinke litten fan in skip mei libbensgefaar as gefolch.
De frou fan ien fan de deadlike slachtoffers fan it boatûngelok hat har soargen útsprutsen oer it te hurd farren fan wettertaksys. "Het lijkt erop dat de zorgen die ik sinds het ongeluk heb, worden bevestigd. Kennelijk spelen vele belangen een rol."
It makket neffens har dúdlik hoe kompleks en yngewikkeld oft de situaasje is kwa bestjoerlike ynrjochting, oerlisstruktuer en kultuer.
"Maar onderbelicht blijft de veiligheid. En die moet voorop staan! De Waddenzee is nu een 'wildwest' waarbij de veiligheid van opvarenden op het spel staat. Het is schrikbarend en zorgwekkend dat hier nog steeds geen actie op wordt ondernomen."
Neffens har moat der rap mear sicht komme op de farsnelheid. Snelheidskontrôles, hanthavening en adekwate wet- en regeljouwing foar farferkear binne nedich, seit se.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.