Fluchste paad nei it rêden fan de skries rint oer de piken

In skriezepyk © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Der hoege mar relatyf in lyts bytsje mear skriezepiken grut te wurden om de skriezepopulaasje stabyl te krijen. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Rijksuniversiteit Groningen (RUG) en it sintrum foar globale ekologyske feroarings Birdeyes.
Greidefûgelbeskermers witte al langer dat de earste trittich dagen fan in jonge skries behoarlik wichtich binne. Dochs binne best in soad ynspannings rjochte op it beskermjen fan de aaien yn it nêst. Dat is ek better te dwaan, want aaien rinne net fuort en piken wol.
Dat betsjut net dat it beskermjen fan nêsten net wichtich is, mar wol dat it koartste paad nei it ophelpen en it stabilisearjen fan de skriezepopulaasje oer de saneamde 'pikefaze' giet, sa hat ûndersiker Marie Stessens fan de RUG berekkene.
In skries slacht alarm © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Stessens: "Als we die stabilisatie van de populatie willen bereiken via het beschermen van de nesten, dan moeten er gemiddeld per jaar veertig van de honderd nesten extra uitkomen. Wat superveel is."

"Gemiddeld drie op de honderd kuikens extra"

"Maar als we kijken naar de kuikens, dan zien we dat we met een paar extra kuikens per jaar die groot worden al genoeg hebben voor een stabiele gruttopopulatie. Met gemiddeld drie op de honderd kuikens extra die groot worden, hebben we dan al genoeg", seit de Belgyske ûndersykster.
In skries op in pealtsje © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Stessens oer wat dat betsjut: "Het is eigenlijk een hoopvol verhaal omdat het veel haalbaarder lijkt. Dat neemt niet weg dat het alsnog wel belangrijk is om te focussen op die nesten en ervoor te zorgen dat we een bepaalde nestoverleving behouden. Want als dat helemaal naar beneden gaat, komen er ook te weinig kuikens uit die groot kunnen worden."

Fretten en rôfbisten

Stessens: "Maar die nestoverleving proberen te verhogen, gaat ons niet heel snel naar de redding van de grutto brengen. Het verhogen van de kuikenoverleving wel."
It grut krijen fan piken hat alles te krijen mei genôch fretten, mar ek rôfbisten dy't piken opfrette. En beide binne mei elkoar ferbûn. In pyk dy't net genôch iten krijt, is ek kwetsberder foar rôfbisten.
As sy fan de nêstlokaasje ferhúzje nei in plak mei mear fretten, is it risiko om ûnderweis proai te wurden ek nochris in stik grutter.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.