Gas wurdt takom winter djoer, mar wêrom krekt? En in bysûndere fynst yn Rinsumageast

De fiif fan de wike © Museum Dokkum / Shutterstock
Soerstofterapy kin it libben fan minsken mei post-covid ferbetterje. Dat ûnderfûn Lidia de Vries. En gas wurdt takom winter goed djoer, dat probleem ûntstiet kommende simmer al.
It binne in pear opfallende ferhalen dy't we dizze wike publisearre ha. Hjirûnder fynst fiif fan sokke ferhalen, foar elkenien dy't wat mist hat of nochris rêstich weromlêze wol.
Dit is ús seleksje fan dizze wike:

Brêge Twellingea moat ferfongen wurde

De teloarstelling is grut oan wjerskanten fan de brêge fan Twellingea, en by Rykswettersteat. Undersyk hat útwiisd dat de brêge ferfongen wurde moat. In nije brêge is op syn betiidst ein 2029 klear.

Unike fynst by Rinsumageast

Richard Prins die in bysûndere fynst yn in greide by Rinsumageast. Op it plak fan it eardere kleaster Claercamp by it doarp kaam er mei de metaaldetektor in pauslik merklead tsjin, in saneamde 'bulla'. De bulla is hast 600 jier âld.

Gas wurdt djoer, dat hat te krijen mei kommende simmer

It gas wurdt takom winter djoer en dat probleem begjint dizze simmer al. Dat seit enerzjyanalyst Jilles van den Beukel fan The Hague Centre of Strategic Studies. Ofrûne winter wie kâlder as de ôfrûne twa jier, dêrom moat fan de gasfoarried yn de simmer oanfolle wurde. Gewoanwei is de priis fan gas dan leech, mar dit jier net.

Automonteurs lizze it wurk del

Tongersdei leine 150 wurknimmers fan garaazjes en oare auto- en fytsbedriuwen yn Fryslân it wurk del. Nea earder staakten monteurs yn Fryslân. No dogge se wol, want se wolle in bettere cao. FNV wol hegere leanen, brânsorganisaasje BOVAG fynt de ferheging ûnrealistysk en ekstreem.

Soerstofterapy tsjin post-covid

Guon minsken hawwe nei in besmetting mei it coronafirus nea wer de âlde west. Soerstofterapy kin foar guon fan harren ferromming biede: de behanneling mei suvere soerstof helpt foar seis fan alle tsien minsken.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.