Shared dining yn Ljouwert: in bliuwende trend of in tydlike hype?
Der komt wer in nij tapasrestaurant by yn Ljouwert. 't Zusje iepenet yn maaie de doarren oan it Saailân. Sit de tapastrend al op syn hichtepunt yn Fryslân of noch lang net?
't Zusje is de tredde nije tapasbar yn noch gjin twa jier yn Ljouwert. Earder kamen al Bar Zelle (ein 2023) en Bodega y Tapas (april ferline jier) nei de haadstêd. Dat wiene ek net de earste tapasrestaurants yn de stêd.
Kwestje fan fraach en oanbod
"Er zijn al langere tijd mensen die er heel erg blij van worden", seit Kor van der Meulen oer it konsept fan shared dining. Hy is de Fryske regiofoarsitter fan Koninklijke Horeca Nederland.
"Vooral onder jonge mensen, zoals studenten, is het populair. Dat er weer een nieuw tapasrestaurant in Leeuwarden bij komt verbaast mij dan ook niet."
By Bar Zelle yn Ljouwert begripe se wol dat it konsept sa populêr is.
"Het is wat laagdrempeliger. Heb je niet veel honger, dan hoef je ook niet veel geld te besteden aan veel eten", leit eigener Astrid Meijer út.
"Daarnaast is het ook een gezellige manier van dineren en borrelen tegelijk, dat vinden mensen erg fijn."
Stêden wol, doarpen net
Van der Meulen seit dat yn hast alle grutte Fryske plakken wol tapasrestaurants sitte. Harns, Drachten, It Hearrenfean, Snits. Dêrbûten sjochst se minder, seit er.
"Er is onderzoek geweest naar de restaurantdichtheid in Friesland. Daar waren wij eigenlijk nog redelijk traditioneel. Zo hadden we nog veel Chinees-Indische restaurants."
Wat is shared dining?
Shared dining is in trend yn de hoareka dy't al jierren geande is en ek net mear wei te tinken is út de Fryske restaurantbyld. It is in foarm fan iten mei faak lytsere gerjochten, dy'tst diele kinst mei oare minsken.
Tapas- en sushirestaurants binne foarbylden fan it konsept fan shared dining.
It ûndersyk út it útfieringsprogramma Gastvrij Fryslân 2028 liet sjen dat fjouwer jier lyn de merk yn Fryslân benammen bestie út Italiaanske, Nederlânsk-Frânske en dus Sineesk-Yndyske ytgelegenheden.
Yn 2024 telde hoareka-advysburo Spronsen en Partners wat minder restaurants yn Fryslân. It byld wie lykwols net hiel oars. Wol binne yn de ôfrûne fjouwer jier 21 Sineesk-Yndyske restaurants opholden, en 16 nije restaurants oanheakke yn de kategory 'overig Aziatisch'.
Mooglik binne dat deselde bedriuwen, want Van der Meulen sjocht dat hieltyd mear fan dy 'tradisjonele' bedriuwen de stap meitsje nei shared dining. Mar, sa leit Van der Meulen út: "Het moet wel aansluiten op de doelgroep van het restaurant."
Wannear is it te folle?
Yn Ljouwert binne mei de komst fan 't Zusje yn elk gefal seis tapasrestaurants. Kin it ek te folle wurde? "Ongetwijfeld", seit Van der Meulen. "Dan corrigeert de markt vanzelf wel. Dat moet je eigenlijk niet willen, want dat gaat met veel pijn en leed."
Hy riedt it elke hoareka-ûndernimmer dêrom oan om earst de merk goed te ûndersykjen. "Doe een vestigingsplaatsonderzoek, een VPO. Een bureau helpt je dan: wat is je doelgroep? Hoeveel passanten zijn er en waar zit je concurrentie? Dan heb je houvast."
"Zomaar een restaurant beginnen en niet weten waar je concurrenten zitten en wat ze doen, dat is als autorijden met je ogen dicht."
'Shared dining bliuwt'
It konsept hat himsels bewiisd, fynt Van der Meulen. "Ik denk dat dit wel een blijvertje is. Het is een andere manier van aan tafel gaan. Net als sushi blijft tapas ook."