Man mei metaaldetektor docht unike fynst fan hast 600 jier âld by Rinsumageast

De bulla op it plak dêr't dy fûn waard, by it eardere Kleaster Claercamp © Museum Dokkum
Yn in greide by it eardere Kleaster Claercamp by Rinsumageast is in bysûndere fynst dien. It giet om in pauslik merklead, in saneamde 'bulla', út de tiid fan paus Eugenius IV (1431-1447).
De bulla waard fûn troch Richard Prins wylst hy mei in metaaldetektor op 'en paad wie.
In bulla wie in offisjeel pauslik segel, dat befêstige waard oan dokuminten (bullen) dy't yn de pauslike kânselarij útjûn waarden.
Dizze segels, meast makke fan lead, mar ek fan sulver of goud, garandearren de autentisiteit fan it dokumint en waarden mei in siden of linnen koarde oan it perkamint hechte.
Yn eardere perioaden waard dêrfoar waaks brûkt, mar dat materiaal wie te kwetsber. Dêrnei waard oergien op duorsume materialen.

Byltenis fan apostels

Op de bulla dy't fûn is by Rinsumageast stean de hollen fan de apostels Petrus en Paulus, omjûn troch in pearelrâne. Dat is in werkenber symboal fan de pauslike autoriteit. Op de achterkant binne de pauslike ynskripsjes te sjen, dy't ferwize nei paus Eugenius IV.
De bulla is no ûnderdiel fan in eksposysje yn Museum Dokkum © Museum Dokkum
Neffens Museum Dokkum is it bysûnder dat yn Fryslân in pauslik segel fûn wurdt. Bullae kamen meast terjochte by belangrike geastlike ynstellings, lykas kleasters, en biskoppen.

Offer of amulet?

It feit dat dizze bulla oantroffen is yn lânbougrûn om it eardere kleasterterrein hinne, suggerearret dat it as offerjefte yn de grûn pleatst is of as amulet brûkt is. Yn guon gefallen waarden dizze segels ek meijûn yn grêven.
Finer Richard Prins hat de bulla yn brûklien jûn oan Museum Dokkum, dêr't dy no te sjen is yn in eksposysje oer Kleaster Claercamp.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.