Twellingea net bliid mei Rykswettersteat: "Is de boel stikken, kinne se it net meitsje"

De brêge by Twellingea © Omrop Fryslân
"Ik schrok wel, maar ergens had ik het ook verwacht. Maar het is teleurstellend dat de brug in zo'n slechte staat verkeert. Anders hadden we er wellicht gewoon weer overheen kunnen rijden."
It mei dúdlik wêze. Agnes Bernhardt, by Rykswettersteat ferantwurdlik foar de farwei tusken De Lemmer en Delfzijl, fynt it spitich dat ûndersyk útwiisd hat dat de brêge yn de Nije Dyk by Twellingea ferfongen wurde moat.
In nije brêge is op syn betiidst ein 2029 klear. "Mensen hadden gehoopt dat het sneller zou gaan", seit Bernhardt. "Men is daar teleurgesteld over. En dat begrijp ik ook."
Dy teloarstelling is fan it gesicht fan Bauke van der Meer ôf te lêzen. Hy wennet oan de ferkearde kant fan de brêge, om it sa te sizzen. Van der Meer sprekt fan 'wantrouwen' yn de rjochting fan Rykswettersteat.
"Sy kinne it spul net ûnderhâlde. No is de boel stikken en kinne se it net iens meitsje. Wy binne bot teloarsteld."

'Stil aan de overkant'

De situaasje hat it doarp yn twaen splitst. Der sitte sa'n tritich oant fjirtich adressen oan de oare kant fan de brêge, mar dy minsken hawwe harren sosjale libben yn it doarp: de winkels, de tsjerke, it doarpshûs, de sportakkommodaasjes.
De splitsing wurdt ta utering brocht troch in wyt boerd mei grutte swarte letters oan de wetterkant. 'Het is stil aan de overkant' falt te lêzen.
Ludyk protest by de brêge © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Wachtsje oant der ein 2029 in nije brêge leit, is gjin opsje. Dêrom komt Rykswettersteat mei in tydlike brêge. Dy moat yn augustus op syn plak lizze, sadat ferkear der dan wer by del kin.

Ynformaasjejûn

Rykswettersteat organisearret woansdeitejûn in ynformaasjegearkomste foar omwenners.
Dy fynt om 20.00 oere plak yn MFC It Harspit yn Toppenhuzen.
"Dat is goed nijs", tocht Van der Meer doe't er moandei bypraat waard oer it plan. "Mar in pear tellen letter kaam it nijs dat de tydlike brêge der takom jier fan april oant septimber hielendal úthelle wurdt."

Staande Mast Route

Dat wurdt dien om de saneamde Staande Mast Route de romte te jaan. Dat is in trochgeande rûte foar syl- en motorboaten fan mear as seis meter. De rûte begjint yn Seelân en rint oer de Iselmar oant Delfzijl.
De brêge en de tunnel yn ien byld © Omrop Fryslân
"In het nieuwe vaarseizoen is het werk aan de Prinses Margriettunnel klaar", seit Bernhardt. "Dan hopen we een beeld te hebben of die gebruikt kan om om te rijden."
"Ook kijken we naar de mogelijkheden van een pont. Eventueel in combinatie met elkaar. Maar beide oplossingen zijn gewoon lastig."

Trekkers oer in pont?

Van der Meer sjocht neat yn in pont. "Dy tiid fan it jier moatte alle boeren derby del. Hoe krijst tritich oant fjirtich trekkers yn in oere oer in pont? Nee, dat wit ik ek net."

Reaksje wethâlder Michel Rietman (Súdwest-Fryslân)

"Het is natuurlijk waardeloos voor de inwoners waar het om gaat. We zitten aan tafel en slaan met de vuist op tafel dat het proces versneld moet worden. Maar in feite staan we met onze rug tegen de muur, want de brug is van het Rijk."
"Als gemeente willen we dat die nieuwe brug er sneller komt dan 2029. We blijven hameren op de urgentie. Maar meneer Madlener (minister fan Ynfrastruktuer, red.) moet uiteindelijk op de knop slaan."
Neffens Van der Meer is in omlieding troch de Prinses Margriettunnel dan ek de iennige opsje. "Dat soe in útkomst wêze foar ús. Dêr sette wy fol op yn."
"Oft ik der ek noch wat fertrouwen yn ha dat it allegear goedkomt? Nee, dat net."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.