Mei nijste ferzje Fûgel Earth leit websitebouwer út Ljouwert alle geheimen fan de fûgeltrek bleat
Websidebouwer Bastiaan Blaauw wurket oan de nijste ferzje fan syn Fûgel Earth. It is in side wêrmei'tst trekfûgels dy't in stjoerder om hawwe oer de hiele wrâld folgje kinst.
De earste ferzje fan Fûgel Earth waard tsien jier lyn lansearre. Blaauw hie opdracht krigen fan de Ryksuniversiteit Grins om in side te bouwen wêrmei't de trekflecht fan fûgels yn byld brocht wurde koe. Mei tank oan dy webside kinne wittenskippers it gedrach fan fûgels noch better bestudearje.
Yntusken hat de út Ljouwert ôfkomstige Blaauw de side yngripend ferbettere. Op de nije ferzje binne folle mear soarten te folgjen en binne de trekrûten better sichtber. Sa is te sjen wêr't in fûgel nestelet en hoe't syn leefgebiet derútsjocht.
Yn ûndersteande fideo leit Blaauw út hoe't ien en oar wurket:
"De measte Friezen kenne miskien de skries Amalia noch wol. Dy fûgel mei in stjoerder wie altyd ien fan de earste út Afrika wei wer werom yn Fryslân", seit Blaauw.
"Op syn bertegrûn, yn it lân tusken Wiuwert en Britswert, dêr koest de klok op lyk sette. Hy hat yn syn libben 72.000 kilometer flein."
De fleanbewegingen fan Amalia kinst weromfine op de side. Der is trouwens de lêste pear jier neat mear fernommen fan de fûgel.
Op it stuit fleane de skriezen út it gebiet yn Afrika dêr't se oerwinterje wei wer werom nei Fryslân. Faak mei in tuskenstop yn Spanje of Portugal.
"Juster seach ik op Fûgel Earth in skries dy't oan ien stik 2.700 kilometer ôflein hat, sûnder ûnderweis by te tanken. In wûnder."
De stjoerders dy't Blaauw sichtber makket op syn Fûgel Earth binne ek brûkt yn it ûndersyk fan ekologen Mo Verhoeven en Jelle Loonstra.
Sy promovearren yn 2020 op de fraach oft it trekgedrach fan skriezen oanberne is of dat de fûgels it leare fan soartgenoaten.
Verhoeven en Loonstra lieten twa kear fjirtich skrieze-aaien útbriede yn de briedmasine. Dêrnei brochten se de piken grut en bûnen harren in lytse stjoerder op 'e rêch.
De helte fan it oantal fûgels waard loslitten yn Poalen, de oare helte yn Súdwest-Fryslân.
De FryslânDOK 'Skriezelibben' (Gruttoleven) fan filmer Herman Zeilstra folge dit ûndersyk fan aai oant folwoeksen skries. De film is op 1 en 2 maart nochris te sjen op NPO 2 en by Omrop Fryslân.