Kamera's moatte fernielsuchtige jeugd yn Aldegea ôfskrikke

By it njonkenlizzende MFC yn Aldegea hingje al befeiligingskamera's © Omrop Fryslân
Beflibe ruten en doarren, stikkene flessen op it skoalplein en brân yn in jiskebak. By basisskoalle De Diamant yn Aldegea (Smellingerlân) binne se hielendal klear mei meardere fernielings de ôfrûne moannen.
Fanwegen de fernielings komme der ynkoarten befeiligingskamera's bûten by de skoalle te hingjen.
It is al langer in probleem yn it doarp: fernielings troch in groep jeugd dy't bûtendoar omhinget. Earst barde dat by it njonkenlizzende MFC De Gearrin, fertelt foarsitter Martien Tolboom fan pleatslik belang.

"Ferniel no neat"

"Earst hongen se by it MFC om, mar dêr binne yntusken kamera's kommen", leit hy út.
"No ha se har ferpleatst en komme se by de skoalle. Wy ha de jeugd al meardere kearen frege: ferniel no neat. Mar it blykt dochs dat dit bart, en dan is dit it gefolch", sa wiist Tolboom op de komst fan de kamera's.
Foarsitter Martien Tolboom fan pleatslik belang © Omrop Fryslân
Neffens bestjoerder Greetje Veenstra fan Adenium, de skoallekoepel dêr't De Diamant ûnder falt, is it beslist net ûngebrûklik dat der bûtendoar kamera's by basisskoallen hingje. "By nije skoalgebouwen is dat tsjintwurdich eins standert", fertelt se.
De kosten lopen ondertussen in de duizenden euro's.
De skoalle yn in brief oan de âlden
De basisskoalle jout syn jild leaver út oan ûnderwiis, mar yn dit gefal is besletten dat de kamera's echt nedich binne. De skoalle hopet dat dy kamera's de fandalen ôfskrikke en dat it ynkoarten dien is mei de oerlêst.
"De kosten lopen ondertussen in de duizenden euro's", skriuwt de skoalle yn in nijsbrief oan de âlden. "We hopen dat de school straks weer een veilige en prettige plek wordt om te spelen en op te groeien."
Kindcentrum De Diamant yn Aldegea © Omrop Fryslân
Skoallen meie net samar kamera's ophingje. Dêrfoar wurdt sjoen nei it belang fan privacy oan de iene kant en de reden foar it pleatsen fan de kamera's oan de oare kant. Fernielings of ynbraken kinne jildige redenen wêze om foar kamera's te kiezen.
Neffens skoallekoepel Adenium binne de kamera's juridysk mooglik en wurdt dêr goed nei sjoen. De gemeente Smellingerlân is derfan op 'e hichte brocht en de meisizzenskipsried fan de skoalle moat ek ynstimme mei it tafersjoch. De kamerabylden kinne allinne ynsjoen wurde as der echt sprake is fan in ynsidint.

Begryp by âlden

In protte âlden, dy't om 14.00 oere harren bern ophelje by skoalle, begripe dat de skoalle hjirfoar kiest.
"Ik fyn it in goed ding", seit in mem. "Der bart hjir in protte nei skoaltiid op it plein. Der binne in soad bern, der wurdt fjoerwurk ôfstutsen en in protte fernield. Dit is wol it plakje foar de hangjeugd."
In oare âlder wiist op de pingpongtafel, dy't by de yngong fan de skoalle stiet. "Dêr sitte no allegear brânplakken yn. Us bern boartsje hjir nei skoaltiid ek en sy binne in stik jonger. Ik wol leaver net dat sy dermei yn oanrekking komme."
Alden helje harren bern út skoalle © Omrop Fryslân
Wannear't de kamera's krekt ophongen wurde, is noch net dúdlik. Pleatslik belang hopet net dat de groep jeugd aansten op in oar plak foar fernielingen soarget.
"Der is in hiele moaie jeugdsoas hjir yn it doarp", seit Tolboom. "Mar dêr is fansels tafersjoch, en dat is net hiel stoer. Der binne lykwols in protte minsken yn Aldegea dy't hjirmei dwaande binne. Ik tink dat it wol goedkomt."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.