Twivels oer effekt nij plan Flietsône: "Ga je niet oplossen met een paar plantenbakken"

Rûnom yn de Flietsône komme je dit soarte fan tafrielen tsjin © Omrop Fryslân
Der is net in soad fertrouwen yn it nije plan tsjin de oerlêst op de Flietsône yn Ljouwert. In saakkundige yn probleemwiken en ynwenners fan de Flietsône sjogge in soad heakken en eagen.
Yn de Flietsône, besteande út de wiken Zeeheldenbuurt, Indische Buurt, Molenpad en Welgelegen, spylje al jierren ferskate problemen.

Kwetsbere ynwenners

De problemen ha te krijen mei de ynwenners fan de Flietsône. Dat binne foar in grut part studinten, kwetsbere famyljes, probleemjongeren, drugsferslaven en kliïnten fan soarchynstellingen.
Nico de Koning wennet al 35 jier yn de Flietsône en sjocht fan tichteby hoe't syn buert efterútgiet. "Op dit moment hebben we jaarlijks 50 procent verhuisbewegingen in de wijk: één op de twee bewoners vertrekt. Mensen voelen zich niet verbonden."
Nico de Koning fan de stichting Vlietvaardig © Omrop Fryslân
Al mei al soarget it derfoar dat der hast gjin belutsenens is mei de wyk. Pannen en tunen fertutearzje. Der is boppedat in soad lûds- en drugsoerlêst en ôffal wurdt op strjitte dumpt. Kriminaliteit en drugsferkeap krije hieltyd mear de frije hân.

Mear misdriuwen

De gemeente Ljouwert besiket al in skoft om fet te krijen op de Flietsône. Sûnt 2020 wurdt der alle jierren 25.000 euro yn it plan stutsen, mar sûnder resultaat.
Ut nije plysjesifers docht bliken dat it oantal misdriuwen yn de wyk al foar it fjirde jier op rige omheech giet. Yn 2024 binne der 484 misdriuwen registrearre, wylst dit yn 2021 noch 351 wiene.
Der komt mear stellerij, bedriging, ynbraken en wapenhannel foar yn ferliking mei oare jierren. De meldingen fan oerlêst bliuwe yn de lêste jierren skommeljen fan 350 oant 500 meldingen.

Sosjale mingeling

Nei oanlieding fan de problemen is de gemeente Ljouwert ôfrûne desimber mei it nije plan kaam. It plan rjochtet him op it ferbetterjen fan de leefberens, feiligens en sosjale koheezje yn de Flietsône.

Aksjes nije plan Flietsône

1. Mear gemeentlike meiwurkers yn de wyk, sadat de gearwurking tusken gemeente en bewenners ferbetteret.
2. It Fliet krijt in griene werynrjochting, mear moetingsplakken en bettere ôffalferwurking, sadat de wyk oantrekliker wurdt.
3. Ynfiering fan in ferhierfergunning en mear wenningen foar famyljes en starters. Hjirmei soe der in sûnere mjuks fan bewenners wêze en minder oerlêst.
4. Striktere hanthavening op drugsoerlêst en yllegale ferhier en ynsidinten wurde better monitoarre, sadat de wyk feiliger wurdt.
Undersiker Jaap Nieuwenhuis fan de Ryksuniversiteit Grins is saakkundige op it mêd fan stedsstúdjzes en planology. Hy set syn fraachtekens by de effekten fan it plan. Ien fan de grutste problemen fan de wyk is dat der in soad kwetsbere persoanen wenje.
De oplossing fan de gemeente is om mear famyljes en starters oan te lûken, sadat minsken mear kontakt krije mei-inoar. Neffens Nieuwenhuis wurket dat net.

Probleem ferpleatst him

"Een assumptie is dat bij 'sociale menging' mensen makkelijk met elkaar in contact komen en dat sociale cohesie bijna vanzelf gaat ontstaan. In de praktijk blijven mensen vaak binnen hun eigen sociale netwerken", seit Nieuwenhuis.
Neffens him soarget dizze oplossing der just foar dat de problemen earne oars yn de stêd grutter wurde. "Voor die mensen zal niet veel veranderen aan hun situatie, behalve dat ze zich nu in een andere buurt zullen moeten vestigen, waardoor de sociale problemen in andere wijken weer zullen toenemen."
De Flietsône yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert seit dat it útfieren tiid nimt. Der gebeurt ek mear as de plantebakken en de kontrôles, seit wethâlder Nathalie Kramers. "De basis van het plan is dat we het samen met de inwoners hebben gemaakt. Die moeten het vertrouwen in de overheid terugkrijgen. We moeten dit samen doen."
Kramers begrypt dat ien plantebak net de oplossing is. "Eentje niet nee, maar meer helpen wel om rust en ruimte te creëren in de buurt. Met ruimte voor wandelaars en fietsers. Bovendien gaat de snelheid voor het verkeer omlaag."
Yllegale graffity op in muorre fan ien fan de pannen yn de Flietsône © Omrop Fryslân
Alles byinoar moat it derfoar soargje dat it better wenjen wurdt yn de buert, seit Kramers. Dat it ferrin minder wurdt en minsken mear bining krije mei de buert en har derfoar ynsette wolle.

Wetter yn stee fan racebaan

In oare oplossing fan de gemeente is om de Flietsône griener yn te rjochtsjen, sadat de wyk oantrekliker wurdt.
De Koning fynt dit seker nuttich, mar it is net genôch. Hy is foar in gruttere wenynrjochting fan de wyk. "Als je nu kijkt naar de wijk, dan is het net een racebaan met alle auto's die er rijden."
We gaan voor een bruisende buurt.
Nathalie Kramers, wethâlder Ljouwert
De Koning wol dêrom dat de wyk weromgiet nei hoe't it der foar 1970 útseach, mei in grêft. It soe neffens Stichting Vlietvaardig, dêr't De Koning foarsitter fan is, soargje foar in ferbinend elemint yn de wyk. Mar it soe ek oantrekliker wurde, omdat sloepen der farre kinne en it der better útsjocht as in dyk.

Gemeente weromhâldend

De stichting is dêrom al fjouwer jier mei de gemeente yn petear oer dit plan, mar sûnder sukses. "Ik heb het idee dat ambtenaren er niks voor voelen. Wij willen graag een haalbaarheidsonderzoek voor ons plan, daar willen we ook aan mee betalen. We vragen er al vier jaar om, maar het is er nog maar niet."
Kramers is tebekhâldend as it oer dit plan giet. "We gaan voor een bruisende buurt. Dat heeft de Vlietzone in zich. Er is veel levendigheid en er zitten veel ondernemers. Dat moet je bij elkaar brengen."
Mar, sa seit de wethâlder, dat kostet tiid. "Het gaat met vele stapjes. Dat moet alles bij elkaar helpen."

Eardere plannen

It rommelet al jierren yn de Flietsône, dat kaam ein 2019 ta in hichtepunt. De wyk hat oerlêst fan jongerein fan soarchynstelling Strong ID. Safolle, dat de gemeente Ljouwert yn de simmer fan 2019 it gebiet oanwiist as oerlêstgebiet.
Der moat wat feroarje en dêrom komt de gemeente yn 2020 mei in plan mei 46 maatregels om de Flietsône oan te pakken.
Yn 2023 komt in evaluaasje fan it plan. Der komt út de ried wei krityk oer dat de effekten fan it plan net te mjitten binne en dat it te min feroaring bringt yn de wyk. Der moat in nij plan komme.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.