Tsientallen deade skiep yn it lân by Nijhoarne

De skiep lizze no op in bulte © Martin Reitsma
Yn it lân by Nijhoarne binne sneintemoarn tsientallen deade skiep oantroffen. Dat seit skieppehâlder Martin Reitsma.
Yn totaal giet in om mear as fjirtich skiep, seit er. Fjirtjin dêrfan binne fan him. Reitsma tinkt dat de skiep oanfallen binne troch in wolf.
"Fiif fan myn skiep binne deabiten, en de oare njoggen hat de feedokter ynsliepe litten. Yn it stik lân neist dat fan ús binne tweintich skiep deabiten, en tsien oaren wiene der sa min oan ta dat se ek in spuitsje krigen ha."
Dit skiep hat de oanfal net oerlibbe © Martin Reitsma
De skiep dy't pakt binne, leine troch it hiele lân hinne, seit Reitsma.
DNA-ûndersyk moat útwize oft in wolf de slachting feroarsake hat. Mar neffens Reitsma wiist alles derop.
De skieppehâlder makket him soargen oer de takomst. "Dit komt net goed sa."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.