Willem Brouwer (83) wie mantelsoarger foar syn frou: "Ik voelde me de manager van een eenmanskliniek"

Willem Brouwer sinjearret ien fan syn boeken © eigen foto
"Ik wilde haar in haar waardigheid laten", seit âld-gynekolooch Willem Brouwer (83) oer tsien jier mantelsoarch foar syn frou.
Syn frou Tineke wie foar har pensjoen anestesiolooch yn it sikehûs MCL yn Ljouwert. Al gau nei har pensjonearring krige se Alzheimer. Brouwer hold alle dagen in deiboek by oer harren libben tegearre. It ferslach resultearre úteinlik yn twa boeken. "Ik had haar een belofte gedaan. Ik zou altijd goed op haar passen."

De earste sinjalen fan Alzheimer

De earste sinjalen fan de sykte wiene subtyl, mar, achterôf sjoen, ûnmisber. "We waren op bezoek bij mijn zoon in Frankrijk, en mijn zonen hadden onderling al door dat er iets met hun moeder aan de hand was. Maar ikzelf wilde het nog niet zien."
It momint dat er noch goed heuge kin, wie doe't Tineke in kunde tsjinkaam en har frege wêr't har man wie. "Die was een jaar eerder overleden, op een begrafenis waar wij samen waren geweest. Toen besefte ik: hier is iets echt mis."
Ik zei tegen haar: 'Tineke, je zou wel eens aan dementeren kunnen zijn.'
Willem Brouwer
It besprekber meitsjen fan de sykte wie net mooglik. "Ik zei tegen haar: 'Tineke, je zou wel eens aan dementeren kunnen zijn.' Maar dat was onbespreekbaar. We kregen er zelfs ruzie om."

Fulltime mantelsoarger

Tineke bleau thús wenjen, hoewol't de soarch tige swier wie. "Iedereen zei: 'In deze situatie hoort ze in een verpleeghuis.' Maar ik wilde dat niet. Ik wilde haar in haar waardigheid laten."
De twa boeken fan Willem Brouwer: Gooi me niet weg en Ken je me nog? © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Alle dagen gie er betiid fan bêd, iet allinne in moarnsbrochje en wachte op de soarchsuster dy't him holp mei it waskjen en oanklaaien fan syn frou.
"Zorgpersoneel mocht vanwege de wetgeving geen fysieke inspanning leveren, dus ik tilde haar zelf in en uit bed, op het stoeltje van de traplift, in de rolstoel."
Willem en syn frou Tineke yn 2014 op in moaie simmerdei © Eigen foto
Brouwer wie foar syn gefoel net allinnich mantelsoarger. "Ik voelde me soms ook de manager van een eenmanskliniek. De bureaucratie was groot."
In pear foarbylden: "Het persoonsgebonden budget (pgb), de regelgeving, het gedoe met het zorgkantoor... Ik heb eindeloos veel uren in administratieve rompslomp gestoken. Maar toen alles eenmaal liep, liep het goed."

Skriuwe as ferwurking

Om hâldfêst te krijen op alles wat yn syn libben barde, begûn Brouwer mei in deiboek. "Elke avond ging ik achter mijn laptop zitten en schreef ik op wat er die dag was gebeurd."
Uteinlik groeide it út ta in boek dêr't er it ferrin fan de sykte yn beskriuwt en ek syn eigen wrakseling en fertriet beljochtet. It boek, dat yn 2018 útkaam, krige de titel Gooi me niet weg.
Ik wilde haar een eigen stem geven, net als in het boek Hersenschimmen van Bernlef.
Willem Brouwer
Yn syn twadde boek Ken je me nog? (2020) besiket Brouwer de wrâld fan syn frou te fangen. "Ik wilde haar een eigen stem geven, net als in het boek Hersenschimmen van Bernlef. Hoe zag zij de wereld? Hoe beleefde zij het allemaal?"

It ôfskied

Brouwer seach hoe't de sykte hieltyd mear beslach lei op syn frou. Se ferstoar fiif jier lyn thús.
"Ik vroeg me altijd af: waaraan overlijdt iemand met dementie? Nu weet ik het. Ze hield gewoon op met ademen."
Willem Brouwer mei de twa boeken dy't er skreaun hat oer it sykteproses fan syn frou © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
It gemis bliuwt en dy drege tsien jier spûkje noch geregeld yn syn holle. Mar hy wol net allinne werom sjen op dy lêste jierren.
"Je leeft met je herinneringen. Ik probeer zoveel mogelijk te denken aan de tijd dat ze nog gezond was."

Leaver harkje nei Willem Brouwer?

Dit ferhaal is ek as podcast te hearren en yn ús radioprogramma Buro de Vries.
Buro de Vries is alle wiken op sneintemoarn by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt jûns werhelle.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.